Leararen basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis stake op 6 novimber

21 okt 2019 - 14:43

De staking op 6 novimber fan learkrêften yn it basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis giet sa goed as wis troch. Dat meldt AOB, it Algemiene Underwiisbûn. De bûnen hiene in ultimatum steld oan it regear: se wolle dat der mear jild beskikber komt foar it ûnderwiis.

Underwiis - Foto: Shutterstock.com

In oerlis ferline wike tusken de ûnderwiissektor, premier Mark Rutte en ûnderwiisminister Arie Slob ferrûn goed, mar der waarden net konkrete tasizzings dien.

De ûnderwiisbûnen rôpen foarige moanne al op om op 6 novimber te staken om in "fatsoenlik salaris, minder wurkdruk en genôch kollega's" ôf te twingjen. Nei it oerlis ferline wike wie eins al dúdlik dat de oankundige staking trochgiet.

Der wurdt noch wol in twadde petear organisearre, mar it is noch net bekend wannear't dat plakfine sil. As dat foar 6 novimber is en der komme konkrete tasizzings út, dan kin de staking noch ôfsein wurde.

Bûnen en wurkjouwers PO-raad en VO-raad fregen it kabinet earder dit jier om 423,5 miljoen euro foar 2020, foar in needpakket foar it primêr en fuortset ûnderwiis.

Trefwurden: 
ûnderwiis aksje staking
(Advertinsje)
(Advertinsje)