Soarchbuorkerijen yn need: "Ik tink hiel faak oan ophâlden"

21 okt 2019 - 14:11

Ferskate soarchbuorkerijen yn Fryslân ha te krijen mei in ferleging fan ynkomsten. It Sociaal Domein Fryslân, in gearwurkingsorganisaasje op it mêd fan soarch fan Fryske gemeenten, hat besunigingen trochfierd en alle soarchbuorkerijen nei in leger taryf set.

"Wy binne mei 50 prosint koarte op ús ynkomsten, wylst de kosten foar de soarch fan de bern noch wol itselde binne", fertelt Attsje de Vries fan soarchbuorkerij Moai Seldsum yn Oentsjerk. "Wy wurde twongen om bern te wegerjen."

Besunigings yn de soarch

"Op 1 septimber krigen wy in brief op de matte, dêr't yn stiet dat wy tekenje moasten foar in leger taryf", begjint Attsje de Vries fan soarchbuorkerij Moai Seldsum yn Oentsjerk har ferhaal. Moai Seldsum is in soarchbuorkerij dêr't alle leeftiden opfongen wurde. Sy binne yn 2003 begûn as útfanhûs-bedriuw, mar it is no útgroeid ta in 24-oers soarchbuorkerij. Minsken mei in beheining kinne in dei by Moai Seldsum terjochte foar in dei ûntspanning, mar der wenje ek minsken permanint.

De (takomstige) permaninte bewenners fan Moai Seldsum ûnder de 18 jier ha no in probleem, sa stelt Attsje. "Wy gean fan 257 euro nei 125 euro foar in bern foar ien dei. Dat is in mear as de helte minder. En 125 euro foar ien dei foar in bern liket noch folle, mar as je witte dat der in begelieder by moat en de soarch noch folle kostet, dan bliuwt der neat mear fan oer. Dan moat wy gewoan sels jild bylizze en dat giet net."

Feroaring fan de yndieling

Earst waarden de tariven keppele oan de bern, mar no giet it Sociaal Domein Fryslân (SDF) ynienen oer op in oar systeem. "Sy keppelje no lokaasjes oan bepaalde tariven", leit Attsje út. "Neffens it SDF sitten soarchbuorkerijen yn in leech taryf, om't dy net swiere gefallen helpe. Dan kinst mei minder jild ta. Op himsels wol logysk redenearre fanút it perspektyf fan de besunigings, mar der binne wol deeglik ek soarchbuorkerijen dy't bern helpe dy't folle omtinken nedich ha."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ek by de bern dy't wy no ha, moatte wy sjen oft se wol by ús wenjen bliuwe kinne.

Attsje de Vries, eigener Moai Seldsum

Moai Seldsum

Attsje en har man Thomas ha op Moai Seldsum bern dy't in soad omtinken nedich ha. "Mar wy kinne op dizze wize net mear fierder", seit Attsje. "Wy ha besletten om de gjin nije bern mear ta te litten op de buorkerij. Dat is folslein tsjin ús doel yn, mar wy kinne net oars. De kosten binne te heech. Wy ha fakpersoniel, minsken dy't leard ha foar dizze doelgroep. Wy binne dat ek ferplichte, want do meist net samar ûnbefoege personiel ha fansels. Dat is prima, mar dy minsken kostje wol jild."

"Mar ek by de bern dy't wy no ha, moatte wy sjen oft se wol by ús wenjen bliuwe kinne", ferfolget Attsje. "It giet dan om 14 bern. Dat is in flink oantal en giet ús bot oan it hert. Ik sis net dat se al fuort moatte, mar it is wol in opsje." De bern stean dan op strjitte of moatte nei in ynstelling. "Bern wegerje past eins hielendal net by ús, mar ik moat de soarch en it personiel wol betelje kinne. Us gefoel moatte wy dan útskeakelje en mar ús ferstân brûke. Mar dat is dreech fansels."

Foto: Omrop Fryslân

Soargen âlden

Net allinnich de eigeners fan Moai Seldsum meitsje harren soargen, ek heiten en memmen fan de bern ha noed oer de situaasje. Bianca hat sûnt 3 jier har soan op de buorkerij ûnderbrocht. "Mijn zoon was lastig op te voeden, maar door de boerderij gaat het heel goed met hem. Attsje en Thomas krijgen hier kinderen in huis, die zij structuur bijbrengen. Als ik naar mijn eigen zoon kijk, helpt dat echt. Klusjes als de koeien melken en de stal schoonmaken, brengen hem rust, maar zorgen er ook voor dat hij met regelmaat te maken krijgt. Dat helpt in zijn opvoeding enorm."

Moai Seldsum hat foar it libben fan Bianca en har soan in grutte stipe west. "Wij hebben als gezin letterlijk op het punt van scheiden gestaan. We wilden uit elkaar, want het was lastig om voor onze zoon te zorgen. Toen hij bij Moai Seldsum kwam, is er zo veel veranderd. Hij is om de week op de boerderij. Soms iets vaker als het thuis even niet loopt. Hij is daardoor vooruit gegaan, maar wij als gezin ook. Het is echt een verademing geweest."

Het baart ons enorm veel zorgen, want het zou voor ons persoonlijk een ramp zijn als Attsje en Thomas stoppen met de opvang.

Mem Bianca oer de takomst fan Moai Seldsum

Jildproblemen

"Wij krijgen de problemen om het geld zeker mee", fertelt Bianca. "Dat wordt met ons besproken, want het gaat ons ook aan. Dat baart ons enorm veel zorgen, want het zou voor ons persoonlijk een ramp zijn als Attsje en Thomas stoppen met de opvang. Dan moet mijn zoon naar een instelling en gaat het alleen maar minder met hem, denk ik. In een instelling zitten ze in een groep en worden ze makkelijk beïnvloed door anderen. Mijn zoon heeft ook al aangegeven dat hij dat niet ziet zitten. Als Moai Seldsum er niet was geweest, weet ik niet hoe het met hem afgelopen zou zijn. Ik wil er eigenlijk niet eens aan denken", seit Bianca fol emoasje.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Moai Seldsum yn Oentsjerk

(advertinsje)
(advertinsje)