Strontrace 2019: "Wy geane tsien kear heal dea"

21 okt 2019 - 13:55

Om tolve oere moandeitemiddei is de Strontrace 2019 úteinset. Skûtsjeskippers gean de striid mei-inoar oan om sa rap mooglik fan Warkum nei Warmond te farren en werom. En dat sûnder help fan de motor op it skip. In wedstriid dy't de bemanning sloopt.

Fonger de Vlas, bemanningslid fan de Sterke Jerke, docht foar it earst mei oan de Strontrace. "It is wol spannend. Bist trije dagen non-stop oan it bealgjen. Dat is pittich. Wy hawwe in hiel soad oan it hurdrinnen en oan it hurdfytsen west om kondysje te krijen. Wy binne topfit. Mar wichtiger noch is datst goed mei de oare bemanningsleden opsjitte kinst."

Woansdeitemoarn wurdt de finish fan de earste skûtsjes yn Warkum ferwachte.

De start fan de Strontrace - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Afke Boven by de start fan de Strontrace

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)