Earste Frysk Kampioenskip Tikkerke foar basisskoallebern

21 okt 2019 - 13:35

Der binne 13 Fryske gemeenten dy't tegearre mei Sport Fryslân it Frysk Kampioenskip Tikkerke organisearje. Takom wike wurde de earste foarwedstriden hâlden foar de grutte finale, dy't op 18 desimber yn Drachten is.

Tikkerke - Foto: Omrop Fryslân

Alle basisskoallebern út de groepen 5 oant en mei 8 meie meidwaan. It Frysk Kampioenskip fynt binnen plak en der binne ferskate obstakels. De bêste tikkers meie dus nei iSpace Sports de Waring yn Drachten.

Organisaasje leit yn hannen fan Sport Fryslân en de buertsportcoaches foar De Fryske Marren, Opsterlân, Smellingerlân, Noardeast-Fryslân, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel, Eaststellingwerf, Amelân, Ljouwert, Hearrenfean, Waadhoeke, Harns en Súdwest-Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)