Grutskalige kontrôle-aksje op it Waad

21 okt 2019 - 13:06

It Fryske en Grinzer Waad is tiisdei en woansdei it toaniel fan in grutskalige kontrôle-aksje dêr't in grut ferskaat oan organisaasjes oan meidocht. It is in oanpak dy't goed wurke hat yn Noard-Hollân en dy't no yn Fryslân en Grinslân oernommen wurdt.

In ynspeksjeflecht boppe de haven fan Lauwerseach - Foto: Luchtsurveillance Rijkswaterstaat

Der wurdt ûnder oare kontrolearre op strânriden, beropsmjittich en rekreatyf fiskjen, hurdfarren en yllegale saken yn kwelders. Rykswettersteat is sawol dielnimmer as koördinator fan it hiele barren. Oare tsjinsten dy't meidogge, binne ûnder oare de lanlike plysje, beide provinsjes, Staatsbosbeheer, It Fryske Gea, de wetterskippen, de provinsjale hanthaventsjinst FUMO en Justysje.

It bliuwt net by ien kear

It is foar it earst dat der op sa'n grutte skaal gearwurke wurdt foar in kontrôle-aksje yn it noarden. It moat it grutte publyk dúdlik meitsje wat der wol en wat der net kin yn it Waad. Boppedat moat it de gearwurking tusken de belutsen tsjinsten sterker meitsje. It bliuwt net by dizze iene kear: yn novimber komt der wer sa'n grutte kontrôle. De datums dêrfan wurde net bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)