Dennis Visser: "Heb het gevoel dat ik harder heb getraind dan ooit"

Dennis Visser is goed taret op it nije shorttrackseizoen. "Ik rijd echt harder dan voorgaande jaren." De shorttracker De Lemmer hie de Sykte fan Pfeiffer, mar is dêr fan yntusken goed wersteld. "Ik had deze zomer echt het gevoel dat het helemaal weg was." Dizze wike stelt Omrop Fryslân jimme foar oan de sân Fryske shorttrackers, dy't meidogge oan de wrâldbekers. Moandei diel 1: Dennis Visser.
Dennis Visser
It firus is al in skoft út syn lichem, mar dochs hie Visser noch lang it gefoel dat hy net hûndert persint fit wie. "Ik heb er lang last van gehad en deze zomer voor het eerst niet. Daardoor heb ik harder getraind en echt het gevoel dat ik harder rijd." Mar dat net allinnich, hy rydt ek echt hurder. "In het algemeen rijden we bij de Nederlandse ploeg allemaal harder. Ik ga daar in mee. Mijn rondetijden zijn sneller dan ooit."
© Orange Pictures
Dennis Visser is spesjalist op de relay. Hy waard twa kear Europeesk kampioen mei de ploech en yn 2017 belibbe hy syn hichtepunt mei de relay troch wrâldkampioen te wurden yn Rotterdam. "Het is voor mij weer het doel om een vaste plek te hebben in de relayploeg. Zonder Sjinkie er bij zijn we natuurlijk wel minder, maar we hebben er nu een aantal jongelingen er bij. Daardoor merk je dat we beter worden. Het doel is om me straks goed te laten zien." Boppedat hat hy goed dwaande west mei syn materiaal. "We sleutelen natuurlijk vooraf altijd veel aan ons materiaal en dat is dit keer goed gelukt."
Dennis Visser is opnommen yn de seleksje foar de earste twa wrâldbekers fan it seizoen. De earste is yn it wykein fan 1-3 novimber yn Salt Lake City. De twadde is in wike letter (8-10 nov) yn Montreal.