Bousektor: "PFAS-maatregel grutter probleem as stikstofkrisis"

21 okt 2019 - 12:27

"Net allinnich de stikstofkrisis set de bousektor op slot, de saneamde PFAS-maatregels draaie ús de nekke om." Dat seit Heinze de Boer fan grûnfersetbedriuw De Boer Burgum. Bedriuwen dy't rivieren en sleatten útbaggerje, grûn ferpleatse of bygelyks diken bouwe, kinne troch de PFAS-maatregel net oan it wurk. "It wetter stiet kollega's oan de lippen ta."

Foto: ANP

Dêr't boeren massaal protestearje tsjin de stikstofmaatregels, hawwe bedriuwen yn de bousektor der noch in ekstra probleem by. Want foar dizze sektor spilet ek nochris de kwestje fan de PFAS. Dat is in groep fan 6000 giftige stoffen, dy't op in hiel soad plakken yn de grûn sitte. In nije noarm fan it Ryk soarget der no foar dat de bousektor in grut probleem hat mei dy fersmoarge grûn.

Nije noarm

De nije noarm stelt dat alle grûn dy't ferpleatst wurdt, testen wurde moat op PFAS. As der mear as 0,1 mikrogram per kilo yn de grûn sit dan mei de grûn net ferfierd wurde. Ut ûndersyk fan it RIVM docht bliken dat mear as 85 prosint fan de grûn dy't oant no ta test is boppe dizze noarm sit.

"De noarm soe eins tsien kear sa grut wêze moatte om it wurkber te meitsjen", stelt De Boer. "Sûnens is in grut tema yn ús sektor. Mar it nuvere is dat ik neat hear oer wat se dwaan sille mei de fersmoargers en wêr't de stof weikomt. Yn dy tuskentiid hat ús sektor der oergryslik folle lêst fan. It wetter stiet kollega's oan de lippen. Benammen by transportbedriuwen is it krisis op dit stuit."

Wat is PFAS?

Steatssekretaris Stientje van Veldhoven stelde yn july dit jier in noarm fêst foar de giftige stoffegroep PFAS. Dat stiet foar poly- en perfluoralkylstoffen. De groep bestiet út 6000 stoffen, dêr't mooglik 1500 fan kankerferwekkend binne. De stoffen wurde ek wol 'forever chemicals' (ivige stoffen) neamd. Se hawwe in hiel sterke ferbining en wurde eins net ôfbrutsen.

PFAS wurdt brûkt foar produkten as reinklean, anty-oanbaklagen fan pannen en ek yn guon kosmetyske produkten. It hat de bysûndere eigenskip dat it wetter en smoargens ôfstjit en dat it brân tsjinhâlde kin. Fia de útstjit fan fabriken en it brûken fan produkten dêr't PFAS yn ferwurke is, is it ek yn de Nederlânske boaiem kaam.

Ek nei Den Haag

Om dizze problematyk ûnder de oandacht te bringen yn Den Haag wolle ferskate bedriuwen út de bousektor woansdei 30 oktober protestearje yn Den Haag. Grûnfersetbedriuw De Boer Burgum is ien fan de bedriuwen dy't der oer neitinkt om nei it Malieveld te reizgjen.

De Boer: "Wy krije fan de polityk net in sinjaal dat se de urginsje snappe en dat se mei oplossingen komme. Dus wy moatte krekt as de boeren fan ús hearre litte." De ynstek fan de aksje moat ludyk wêze, mei sa min mooglik oerlêst. "Dat liket my in hiel 'nobel streven'", seit De Boer.

Heinze de Boer oer de PFAS-maatregel

Al it nijs oer stikstof is te finen op ús spesjale dossierside, op omropfryslan.nl/dossier/stikstof.

(advertinsje)
(advertinsje)