Goed 63 persint fan de Friezen registrearre as donor

21 okt 2019 - 11:56

Goed 63 persint persint fan de Friezen hat him as donor registrearre yn it Donorregister, en lit dêrmei witte dat harren organen nei it ferstjerren ôfstien wurde meie. Dat docht bliken út foarriedige sifers fan it Donorregister fan 1 oktober. It betsjut dat sa'n 37 persint fan de registrearre Friezen de kar makke hat nét donor te wêzen.

Donorregister - Foto: ANP

Takom wike set in lanlike kampanje útein, om't op 1 july 2020 de donorwet yngiet. As minsken dan gjin kar makke hawwe foar it ferstjerren, wurdt der fanút gien dat organen foar transplantaasje brûkt wurde meie. By it Donorregister giet it om minsken âlder as 12 jier dy't ynskreaun binne by in gemeente yn Nederlân, en dy't yn it offisjele register foar orgaan- en weefseltransplantaasje ynskreaun binne.

Neffens it Donorregister giet it om 142.462 Friezen dy't wol donor binne en om 80.359 Friezen dy't 'nee' sein hawwe.

Ferliking mei oare provinsjes

Yn Flevolân wolle oant no ta relatyf sjoen de minste minsken donor wurde, sa'n 57,7 persint. Yn Noard-Brabân wol just it heechtste persintaazje minsken donor wurde: 68,7 persint. Fryslân sit mei 63,6 persint wat ûnder it midden. It is fansels noch wol in tuskenstân.

Ut de registraasjesifers docht bliken dat noch mar sa'n 44 persint fan de Nederlanners dy't dat mei him registrearre hat yn it Donorregister.

Fierder útsplitse

It binne lykwols noch net de komplete sifers dy't op de webside fan it Donorregister te sjen binne. Minsken kinne nammentlik ek de kar meitsje om neibesteanden beslisse te litten. Fierder kinne de minsken dy't wol donor wêze wolle, ek útsplitst wurde yn orgaandonaasje sûnder en mei beheiningen. Guon minsken wurde wol donor, mar kieze der bygelyks foar om gjin tastimming te jaan om harren hert of hoarnfluezen fuort te heljen.

(advertinsje)
(advertinsje)