Brêge tusken Rottum en It Hearrenfean wurdt opknapt: ferkear oer Nijskoat

De brêge yn de Rottumerwei op de grins fan Rottum en It Hearrenfean is tusken moandei 21 en sneon 26 oktober ticht. De dyk oer de Engelenfeart is ticht om't Provinsje Fryslân oan de brêge wurket, dy't in ûnderhâldsbeurt nedich hat.
De brêge yn de Rottumerwei © Google Street View
Sawol de dyk foar auto's as it fytspaad binne ticht tusken 9.00 en 16.00 oere. It trochgeande ferkear kin omride troch Nijskoat oer de Rotstergaastwei. Foar de skipfeart op de Engelenfeart kin der ophâld oant in oere wêze.
De omlieding oer Nijskoat © De Fryske Marren