Kollum: "Lit dy net kiste"

21 okt 2019 - 08:24

"It heart miskien wat luguber, mar ik tink wolris nei oer myn dea. En dan benammen oer myn kremaasje. Oer wa't der allegear komme, wat se oer my sizze sille en wat foar muzyk der draaid wurdt. It liket my sa moai dat it net in deade boel wurdt, dus dat der wat grapkes makke wurde en minsken úteinlik mei in goed gefoel wer nei hûs ta gean. Mar dat is meastentiids sa maklik noch net op in kremaasje.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ien dy't dêr wol yn slagge is, is in man út Ierlân. Ferline wike seach ik in filmke fan syn begraffenis, dêr't syn neibesteanden allegear rûnom de kiste stean. En dan hearre se samar yn ienen de stim fan dizze man. Hy hie fan tefoaren in bantsje ynsprutsen, wêrop te hearren is dat er tsjin it deksel fan de kiste oan slacht, wylst er ropt: 'Let me out!' By elkenien fan de famylje kaam in grutte 'grijns' op it gesicht, doe't se de stim fan de man hearden. Sjoch, dat wol ik ek.

No kinst tsjintwurdich fan alles sels bepale as it giet om dyn begraffenis of kremaasje. De drûge cake nei ôfrin hat yntusken al plak makke foar bitterballen of minyloempia's. En ek de muzyk hoecht al lang net mear te bestean út 'Waarheen waarvoor' fan Mieke Telkamp of Grutte grize fûgel fan Frederike Kleefstra. It mei ek keihurde masters of hardcore wêze of 'In de blote kont' fan Mooi Wark. As deade hast it sels foar it sizzen. No ja, oant safier fansels.

Mei ferbjustering ha ik ferline wike snein nei de útstjoering fan Undercover in Nederland sjoen, dêr't Alberto Stegeman yn de wrâld fan de útfeart dûkte. Hy liet in útfeartûndernimmer sjen, dy't ferstoarne minsken nei Dútslân fersleepte, djoere kisten omruile foar goedkeape eksimplaren en lichems net kuolle yn in koelsel. Moatst der dochs net oan tinke dat der sa mei dy omgongen wurdt ast der net mear bist.

Neffens Stegeman is it probleem dat de titel 'uitvaartbegeleider' net beskerme is. Mei oare wurden: elkenien kin him 'uitvaartbegeleider' neame. Bist grienteboer, bakker of slachter en rinne de saken net sa goed, dan kinst dus moarn noch útroppe litte ta útfeartbegeleider. Nuver, mar sa wurket it hjir yn Nederlân. Dyn hiele libben hast te krijen mei strange wetten en regels, mar it allerlêste stikje makket it blykber neat mear út.

Om werom te kommen op dy man út Ierlân dy't in kassettebantsje opnaam hie, wêryn't er al dy minsken om de kiste hinne taspruts: miskien is dat wol in goed idee. Datst foar de wissichheid in bantsje opnimst mei de tekst: 'Hé boeke, bliuw fan myn kiste ôf!' As sa'n yllegale begraffenisûndernimmer it deksel dan iepenlûkt, krijt er de skrik fan syn libben. Dan witst yn elk gefal seker datst dy net kiste litst."

(advertinsje)
(advertinsje)