Restaurateurs posityf oer opknapbeurt skilderij Salomons Rechtspraak

21 okt 2019 - 07:50

Restaurateurs Wil Werkhoven en Menno Dooijes binne posityf oer de kânsen foar it skansearre skilderij Salomons Rechtspraak út it Boalserter stedhûs. Neffens harren is alle skea wol te werstellen. Mar it sil wol in soad tiid kostje.

Foto: Stichting Bolswards Historie

Dit wykein waard bekend dat de stifting Bolswards Historie de befolking fan Boalsert freegje wol mei te beteljen oan it opknappen fan it skilderij. Yn totaal moat der 50.000 euro op it kleed komme. Tsientûzen dêrfan moat komme fan de befolking en de bedriuwen yn de stêd.

Tiid foar in opknapbeurt

Neffens de stifting is it skilderij Salomons Rechtspraak fan grutte histoaryske wearde foar Boalsert. It waard yn de santjinde iuw skonken oan it doe krekt nije stedhûs. Sûnt dy tiid is it nea echt opknapt en neffens Menno Dooijes is dat te sjen. Al skrok er net fan de stea fan it skilderij.

Restauraasje fan it skilderij Salomons Rechtspraak

(advertinsje)
(advertinsje)