Wurk oan de N359 tusken Boalsert en Warkum

21 okt 2019 - 06:57

Ferkear op de N359, de provinsjale dyk tusken Boalsert en Warkum, moat de kommende wike rekken hâlde mei wurksumheden oan de dyk. Oannimmer KWS sil yn opdracht fan de provinsje oan de slach mei de dyk. Oerdeis is de dyk diels iepen foar trochgeand ferkear, yn de nachten is de dyk hielendal ticht.

Foto: Google Maps

De besteande dyk wurdt ûnderhâlden en ferbrede en ek wurde twa krúspunten oanpakt. "Yn it ramt fan de feiligens fiere wy it wurk út", fertelt projektlieder André de Vries fan de provinsje. "Ferkear moat der rekken mei hâlde dat de dyk tusken 19.30 oere oant 05.30 oere ticht. Der binne omliedings."

Helptsjinsten binne op 'e hichte steld fan de wurksumheden. Ek binne der foar helptsjinsten trochgongen, sadat se altyd op it plak fan bestimming komme kinne. De Vries: "It wurk oan de N359 makket diel út fan it gruttere projekt 'Tsjerkwert-Warkum'. It earste diel fan dit projekt moat foar de krystdagen klear wêze."

Projektlieder André de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)