Soarchbuorkerijen yn need: "Ik hoopje dat ik de ein fan oktober noch helje kin"

21 okt 2019 - 06:02

"Ik hâld it op dizze manier net mear fol", seit Marten Hoekstra. Hy is eigener fan twa soarchbuorkerijen en hat sûnt koart bot te krijen mei besunigingen. Syn ynkomsten binne mei fyftich prosint ôfnommen, wêrtroch't syn buorkerijen De Buorren yn Blessum en de Dotingastate yn Marsum swier ûnder druk stean.

Soarch foar bern dy't permanint op de lokaasje wenje, is no net mear beteljen. De bern moatte dus eins ferhúzje. Hoekstra stiet net allinnich yn syn ferhaal. In protte soarchbuorkerijen kinne net mear 24-oers soarch oan bern jaan en moatte dy wegerje. "Ik kin net mear rûnkomme en myn pasjinten net mear de soarch jaan dy't se nedich hawwe. Dy moatte no nei in ynstelling en dan giet it allinne mar minder mei se. Ik fyn it ferskriklik."

Feroaring taryf

It Sociaal Domein Fryslân, in gearwurkingsorganisaasje fan Fryske gemeenten, hat sûnt 1 septimber taryfferoaringen trochfierd. Dy binne needsaaklik om't de soarch net mear te beteljen is en hieltyd mear ûnder druk komt te stean. Soarchbuorkerijen, dêr't bern oant 18 jier ferbliuwe, wurde yndield yn trije kategoryen dy't rinne fan heech oant leech.

In bedriuw dat yndield is in de heechste kategory, kriget 257 euro subsydzje deis per bern. Dêr moatte sy personiel fan betelje, mar fansels ek de goede soarch leverje oan de pasjint. Dit binne faaks bern mei in grutte beheining dy't sels net mear in soad kinne. Sy moatte dan 24 oeren deis yn 'e gaten hâlden wurden.

Helte minder

In protte soarchbuorkerijen hawwe dizze 'swiere' gefallen en krije dêr in passend taryf foar. No is dat troch Sociaal Domein Fryslân flink feroare, wêrtroch't soarchbuorkerijen yn de problemen komme. Yn stee fan de hege yndieling sitte alle soarchbuorkerijen no neffens it SDF yn it lege taryf. It taryf wat sy dêrfoar krije is 125 euro deis, de helte minder dus.

"Mar dy groepen mei bern sitte hjir no wol allegearre al", begjint Marten Hoekstra syn ferhaal. "Sy hawwe in soad soarch nedich en der moat ek personiel by dy't dat kin. Dy bern kinne wy no eins net mear fersoargje. Ik haw efkes rekkene, mar ik moat om út te kinnen myn personiel 5,40 euro de oere jaan. Personiel is al dreech te finen yn de soarch, mar mei sokke fergoedingen al hielendal. Njonken dat moat de soarch ek noch oan de pasjint jûn wurde. Dat kostet ek noch hieltyd in protte."

Earst waarden tariven keppele oan de bern, mar no giet Sociaal Domein Fryslân ynienen oer op in oar systeem. "Sy keppelje no lokaasjes oan bepaalde tariven", seit Marten. "Neffens it SDF sitte soarchbuorkerijen yn in leech taryf, om't sy net swiere gefallen helpe. Dan kinst mei minder jild troch. Op himsels is dat wol logysk redenearre fanút de besunigingen besjoen, mar der binne wol deeglik ek soarchbuorkerijen dy't bern helpe dy't in soad omtinken nedich hawwe."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Krekt nij, mar no al problemen

"Op 1 septimber krigen wy hjir in brief op 'e matte, mei de meidieling dat wy mei de jeugd op de ynskaling leech sitte", ferfolget Hoekstra syn ferhaal. "Dat skeelt my de helte fan myn ynkommen. As dizze regel sa trochgiet, dan kinne wy hjir simpelwei net mear bestean. Ik kin myn personiel net mear betelje en de bern sels ek net."

Marten Hoekstra is eigener fan twa soarchbuorkerijen: De Buorren yn Blessum en Dotingastate yn Marsum. De lêste is krekt nij boud, mei de betingst dat de buorkerij yn in heech taryf siet. No is dat dus feroare, wêrtroch't Hoekstra swier yn de problemen komt. "Ik hâld it op dizze manier net mear fol. Ik leverje de kaaien fan de opfang by de gemeente yn en dan sitte myn bern en personiel op strjitte", fertelt Hoekstra.

"Ik doch it fansels leaver net, want ik hâld fan dizze bern en myn personiel. Mar ik sjoch hast gjin oare opsje mear. It moat hast wol."

Grutte frustraasje

Hoekstra is net allinnich om finansjele redenen lilk op Sociaal Domein Fryslân. "Wy krije hjir dizze brief op de matte en moatte mar tekenje neffens har", seit Hoekstra wylst hy syn dokuminten derby pakt. "Dêr woene wy wol útlis oer, mar it SDF is net te berikken foar kommentaar. We begripe dat der besunige wurde moat, mar net op dizze wize. Dat kin gewoan net. Ik wol yn konklaaf mei it SDF en de gemeenten, mar dat slagget net. Wy krije gjin respons fan it SDF."

De dochter fan Marten stipet him mei in leafdefolle klap op it skouder. "Ik haw sûnt koart ien op kantoar dy't gewoan de hiele dei dwaande is mei de administraasje. Dat heart derby, mar hy is no ek hast de hiele dei dwaande om it SDF te berikken. Mar dat is in hopeleaze misje", fersuchtet Hoekstra.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie by Marten Hoekstra yn Marsum

Hoekstra stiet net allinne mei syn ferhaal. Omrop Fryslân hat mei ferskate soarchbuorkerijen kontakt hân, dy't swier yn 'e problemen sitte. De besunigingen hawwe in protte ynfloed. In ferskaat oan soarchbuorkerijen hâldt op mei de opname fan nije pasjinten, om't sy net mear te beteljen binne.

"Dy bern moatte no allegearre fuort út in fertroude omjouwing dy't goed foar harren is. Sy moatte nei in ynstelling, mar dy sitte ek fol en binne noch djoerder foar de mienskip", seit Hoekstra. "Njonken dat binne dizze bern hiel maklik te beynfloedzjen. As sy yn kontakt komme mei bern dy't ferkearde bedoelingen hawwe, wa wit wat der dan fan se komt."

Omrop Fryslân hat moandei wiidweidich omtinken foar de problematyk fan de besunigingen op soarchbuorkerijen. Om 17.00 oere wurdt yn Fryslân Hjoed op telefyzje in reportaazje útstjoerd oer soarchbuorkerij 'Moai Seldsum' yn Oentsjerk. Wat betsjut de feroaring fan de tariven foar harren bedriuw en de bern dêr?

(advertinsje)
(advertinsje)