Auto bedarret yn 'e sleat tusken Burgum en Ljouwert

20 okt 2019 - 21:44

Oan de Warren tusken Burgum en Ljouwert is sneintejûn in auto yn 'e sleat bedarre. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend. De bestjoerder koe sels út de auto komme.

Foto: ProNews

It slachtoffer soe wol mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht wêze troch in ambulânse. In berger hat de auto út de sleat helle.

Trefwurden: 
auto Burgum sleat
(advertinsje)
(advertinsje)