De Strontrace: hoe giet dy ek mar wer?

21 okt 2019 - 08:02

It is, ôfhinklik fan waar en wyn, bytiden in barbaarske tocht. Dochs dogge elts jier wer in soad silers mei oan de Strontrace. In tocht dy't silend, jeiend of boomkjend fan Warkum nei Warmond (Súd-Hollân) en wer werom giet. Oan ien tried wei, sûnder moderne snufkes. De wurgens is net tsjin te hâlden en it liif giet stikken.

Strontrace - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Troch Afke Boven

Doe't Reid de Jong, je witte wol: de fjoertoerwachter fan Warkum, yn 1974 de Strontrace yn it libben rôp, wie dat benammen om de tradysje fan it beurtfear yn eare te hâlden. Eartiids giene tal fan Fryske boeren mei harren skûtsjes of tsjalken grôtfol kowestront rjochting Súd-Hollân. Dêr koene se it guod goed brûke as dong foar blombollefjilden. Sa ûntstie eins in histoaryske farrûte.

Mar ja, âlde tiden geane foarby. Skande fûn Reid, dus op syn inisjatyf melde sylskippers en bemanning harren noch elts jier yn Warkum foar de tocht nei Warmond. Tsjintwurdich giet dat mei pûden keunstmest. De start is tradisjoneel op de moandei yn de hjerstfakânsje. It startskot komt tsjin ienen út de mûle fan Reid sels: "En nou oprotten". Foar de thúsbliuwers is it dan in kwestje fan ôfwachtsjen wannear't elkenien wer werom komt. Hawwe je de waargoaden mei, dan kinne de earsten samar woansdeitemoarn 'alwer' de haven fan Warkum binnensile. Mar dat kin ek wolris freed wurde.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman seach alfêst by de Strontrace

Leadswiere race

Dat mei dus net, gebrûk meitsje fan de motor of wat foar modern snufke dan ek. De Strontrace moat silend, boomkjend, jeiend, op mankrêft, wilskrêft en pindakaas (of sa) folbrocht wurde. Allinne op guon stikjes, bygelyks op it IJ by Amsterdam, moat de motor oan yn ferbân mei de feiligens. Gjin geunstige wyn kin dus betsjutte datst mei syn allen oeren oan 'e boom of yn in beage hingest om foarút te kommen. En dat makket it leadswier. Men seit dat de Strontrace sels de swierste wedstriid mei histoaryske skippen is.

Ja, je reitsje skjin oan ein, mar as wy Bas Krom fan de Verwisseling leauwe moatte, is der ek in hiel soad wille oan board fan de dielnimmende skûtsjes. En hy kin it witte, want hy is in soarte fan feteraan as it om de Strontrace giet. Hy hat 22 kear meidien (mar hy is noch oan it neitellen).

Bas: "Ja, het is zwaar, maar tegelijkertijd houd je nog ergens een beetje energie op reserve. Dat moet, want je weet niet wat er nog komen gaat. Zo hebben we een editie meegemaakt waar we na 38 uur zonder slaap, met windkracht 7/8 moesten finishen. Dat moet wel veilig en verantwoord kunnen."

En hoe sit dat dan mei de wille oan board? Bas: "De strontrace verbindt en verbroedert. Het is heel mooi om die dagen met mekaar, zo'n tocht voor elkaar te krijgen."

Mar ja, as je as skipper al sân kear as earste oer de finish kaam binne, dan is it ek wol moai fansels. Dochs is der no mear druk op 'e tsjettel, want dit jier komt der swiere konkurrinsje by: de Sterke Jerke, mei skipper Pieter Jilles Tjoelker. Dat is yndied it skûtsje dat ôfrûne IFKS allinne mar wûn hat en sa streekrjocht fan de C-klasse, nei de B en takom jier dus nei de A syld is.

Bas: "Wij zijn, zeg maar, wel dé winnaar van de Strontrace. Zo voelt het toch een beetje, dus als er dan een schip voor de eerste keer meedoet, dan zou het zuur zijn als ze ons van de troon stoten. Maar we hebben er zin! En we willen winnen!"

Johanna leit út hoe swier de wedstriid is

Rûte

Fan Warkum giet it oer De Iselmar nei Amsterdam. Der is út twa rûten te kiezen. Op de hinnereis fia Enkhuzen, dan moatst op de weromreis fia Lelystêd. Oarsom jildt dy ferplichting trouwens net. Dêrnei kinst troch Amsterdam of fia Haarlem nei Warmond. Hjir jildt foar beide: de iene rûte hinne, betsjut de oare werom.

Yn Oude-Wetering krije de skippen symboalysk in pot augurken as retoerfracht, dan losse yn Warmond en werom nei Warkum. Rappe skippen winne dus net perfoarst; it giet om ynsichten, ûnderfining, kunde en krêft.

It ferrin fan de Strontrace is fan de start oant en mei de finish te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en online.

Trefwurden: 
Warkum Strontrace skûtsjes
(advertinsje)
(advertinsje)