Twa jonges (15) oanhâlden foar strjitrôf yn Ljouwert

De plysje hat sneon yn Ljouwert twa 15-jierrige jonges út Drachten en Dronten oanhâlden op fertinking fan in strjitrôf. Dat barde nachts op de Spoorstraat yn 'e stêd.
Plysje logo © Omrop Fryslân
It 17-jierrige slachtoffer waard skopt en slein troch de jonges. Troch de help fan in tsjûge waarden de fertochten tsjinholden, mar se naaiden út mei in part fan de bút.
De jonges waarden efkes letter oanhâlden op de Vredeman de Vriesstraat. Se binne ynsletten en wurde foarlaat oan de rjochter-kommissaris.