Brânwacht rydt út foar autobrân op It Hearrenfean

20 okt 2019 - 19:33

De brânwacht op It Hearrenfean moast sneintemiddei útride foar in autobrân op de Pastorielaan. De brânwacht en ek de plysje troffen dêr in auto oan, nei alle gedachten in crosswein, dy't yn 'e brân stie.

Foto: Dennis Stoelwinder

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend. De plysje hat gjinien oantroffen op it plak fan de brân. Der sil ûndersyk dien wurde nei wêr't de auto krekt weikomt.

(advertinsje)
(advertinsje)