Ynspiraasje foar goed iten op festival yn Drachten

20 okt 2019 - 18:09

We witte eins neat oer ús iten. Minsken soene dêr mear mei dwaande wêze moatte. Dat wie it boadskip fan tal fan sprekkers en standhâlders op it Festival B yn De Lawei yn Drachten. It tema fan festival B, dat foar de twadde kear organisearre waard wie: 'Voeding als bodem van je gezondheid'. It doel wie om sjen te litten dat boeren, biodiversiteit en bijen fan grut belang binne foar goed iten.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It festival luts in soad minsken. Inkelde tûzenen namen de muoite te sjen op 'e merk of oan te skowen by ien fan de sprekkers. Ien fan har is Rineke Dijkinga, ortomolekulêr terapeut. Sy wol oantoane dat it goed mooglik is je eigen iten út de eigen buert wei te heljen. Sa hie se in lunch gearstald, mei ûnder oare quinoa út Grinslân en pompoensop makke fan pompoenen út de omkriten fan Drachten.

2.400 kilometer

Neffens Dijkinga moatte we wer útfine dat soks bestiet: "Voedsel uit de supermarkt heeft gemiddeld 2.400 kilometer afgelegd. Terwijl je soms in je eigen buurt perfecte eigen geteelde groenten kunt kopen."

Dijkinga sjocht ek fuort ien fan de grutte obstakels: de kostpriis. "Het moet niet zo zijn dat gezond voedsel alleen te betalen is door de elite. Het zou al zoveel schelen als we weer mee gaan eten met het seizoen. Want seizoensgebonden groenten zijn veel goedkoper. Het probleem is echter dat we daar niet meer op zijn ingericht. We exporteren veel."

Mear lokaal

Se wol dan ek dat der folle mear lokaal teeld wurdt: "Daar zet ik mij al jaren voor in. Dat we weer eten op het bord krijgen dat hier geproduceerd wordt. Dat is nu nog vreselijk veel duurder. Dat moet veranderen."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Om Smellingerlân griener te krijen wie ek de gemeente oanwêzich. Je koene dêr in tegel ynleverje foar in fruitbeam, de saneamde operaasje 'Steenbreek'. Dêr wie sa'n soad belangstelling foar dat de trijehûndert beamkes dy't klear stiene, samar fuort wiene. In soad minsken gripe de kâns oan om de tún griener te meitsjen.

"Ik heb een steen ingeleverd voor een fruitboom. Ik heb nu ik met pensioen ben meer tijd. En dus wil ik ook mijn tuin groener hebben. Er komt zelfs een moestuin bij. Dan gaan we zelf groente telen, gezonder kan niet", sa sei ien fan de besikers.

De gemeente is wiis mei alle oandacht. "As de tunen griener wurde, helpt dat ek wer by it wetterbehear", sa sei in amtner fan Smellingerlân.

World Food Week Fryslân

De organisaasje is mear as tefreden. De opkomst is grutter as ferwachte en dat jout oan dat it tema libbet ûnder de minsken.

Marlise Vroom: "Je merkt dat mensen veel meer willen weten over voeding en gezondheid. Maar het gaat over meer. Ook over de bodem. Wij willen graag dat mensen bekender worden met wat ze op hun bord scheppen en wat dat betekent voor de biodiversiteit, de waterhuishouding en noem maar op. Dat wat wij dus doen een enorme rol speelt bij de landbouw van nu."

It festival yn Drachten wie de ôfsluting fan World Food Week Fryslân. Mei tal fan aktiviteiten waard dêr ek stilstien by wêr't ús iten weikomt.

(advertinsje)
(advertinsje)