Unrêst binnen de Partij voor de Dieren nei ôfsetten foarsitter Wolswinkel

20 okt 2019 - 15:33

In groep leden fan de Partij voor de Dieren wol in ekstra partijkongres, omdat de Fryske foarsitter Sebastiaan Wolswinkel ferline wike ôfsetten is troch it partijbestjoer. De leden meitsje har soargen oer de ûntwikkelingen yn de partij en neame it ûntslach fan Wolswinkel 'ûndemokratysk'.

Sebastiaan Wolswinkel - Foto: Nieuwsuur

De groep is op ynternet mei in aksje begûn om mear stipe te krijen. As se tsien persint fan alle leden efter harren krije, kin der in spesjaal kongres holden wurde.

Soargen

Neffens de inisjatyfnimmers fan de petysje, benammen jongere leden, binne der in soad leden dy't har soargen meitsje oer de gong fan saken. Se betwivelje ek oft it bestjoer de foarsitter samar oan de kont skowe mocht. It foech om bestjoersleden fuort te stjoeren soe lizze by it partijkongres.

Wolswinkel lei ûnder fjoer by in diel fan de partij. De Aldeberkeapster woe mear transparânsje en ynterne diskusje.

Ynterim-foarsitter Ruud van der Velden seit dat it bestjoer wol it rjocht hie om stappen tsjin Wolswinkel te ûndernimmen. Yn de statuten stiet dat it bestjoer in lid út de partij sette mei, mar ek dat it kongres giet oer it skorsen of it ûntslaan fan bestjoersleden.

(advertinsje)
(advertinsje)