Nijsfoarum: "Wêr is de premier?"

20 okt 2019 - 14:58

"Us lân sit mei grutte problemen. Aksjefierders litte hast alle dagen fan har hearre. Mar wêr is Rutte? Hy moat foaroan stean, mar lit him net sjen!" Dat sei it Ljouwerter FNP-riedslid Jan-Willem Tuininga snein yn it Nijsfoarum by Buro de Vries.

Albert vd Ploeg, Aukje van der Veen en Jan-Willem Tuininga (flnr) - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Wy witte fansels fan de boeren en harren terjochte protesten, mar it binne daliks ek bou-ûndernimmers. Dy sitte fanwegen de stikstofregels ek yn swier waar en de earsten falle hast om", neffens Tuininga.

"Oan de telefoan mei Johnson"

"Op 30 oktober litte ek sy fan har hearre yn Den Haag, Oant no ta reagearren tal fan promininten, ek troch harren sjen te litten by de demonstraasjes, mar de premier? Dy hinget oan de telefoan mei Boris Johnson. Kom op, man!"

Jan-Willem Tuininga makke diel út fan it Nijsfoarum mei Aukje van der Veen (studint-koördinator fan Claim your Future) en Albert van der Ploeg (boer en foarsitter fan de Noardlike Fryske Wâlden).

Fragmint út it Nijsfoarum fan Buro de Vries

Trefwurden: 
FNP Buro de Vries Nijsfoarum
(advertinsje)
(advertinsje)