Fryske flagge wapperet no ek op provinsjehûs Den Bosch

20 okt 2019 - 13:28

De Fryske flagge wapperet op it Brabânske provinsjehûs yn Den Bosch. Boeren út Boxtel soene de flagge ophongen ha, meldt Omroep Brabant. De ôfrûne dagen hingje hieltyd mear Brabânske boeren de Fryske flagge op, omdat se jaloersk binne op harren Fryske kollega's.

De Fryske flagge foar it provinsjehûs yn Den Bosch - Foto: Omroep Brabant

Dat is omdat it provinsjebestjoer yn Fryslân de stikstofregels tydlik ynlutsen hat, wylst se yn Noard-Brabân nettsjinsteande protesten noch net fan tafel binne.

"In Fryslân is de provincie na het protest van de boeren daar wél vrij vlug omgegaan en zijn de strenge stikstofregels van tafel geveegd", seit ien fan de inisjatyfnimmers fan de aksje om Fryske flaggen op te hingjen. Omdat dat yn Noard-Brabân net it gefal is, ûntstie it idee dat de boeren dan mar Frysk wurde moasten.

Net mear in grutske Brabanner

Op WhatsApp waarden dêrnei oproppen dien om de Brabânske flagge te ferfangen troch de Fryske. "Ik was altijd trots om Brabander te zijn, maar nu niet meer", seit ien fan de Brabanner boeren dy't it Fryske flagge ophongen hat.

Al it nijs oer stikstof is te finen op ús spesjale dossierside, op omropfryslan.nl/dossier/stikstof.

(advertinsje)
(advertinsje)