Boekekast #4: De trekker fan Troje fan Hein Jaap Hilarides

Harkesto graach nei Fryske ferhalen? Dan ha we goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze fjirde Boekekast in fragmint út 'De trekker fan Troje' fan Hein Jaap Hilarides. Eric Ennema lêst it foar.
Yn 'De trekker fan Troje' besiket Hein Jaap Hilarides sicht te krijen op it plak fan de lytse boarger yn it grutte Europa. Friso Wassenaar is lobbyist yn Brussel. Hy wrakselet mei syn identiteit yn it postmoderne Europa. Syn twillingbroer Hero sit op de pleats dêr't de Wassenaars al generaasjes op buorkje.
Yn 1990 wie de heit de lieder fan in grutte boere-aksje. It belied fan de Europeeske Uny bedrige de boeren yn harren fuortbestean. Tweintich jier letter stride Friso en Hero foar de autonomy fan Fryslân. Mei in leger fan trekkers besette se Brussel. As de heit ferûngelokket docht bliken dat de hiele erfenis nei Hero giet. Boppedat hat de twilling noch wat út te fjochtsjen. Se falle op deselde frou...

Hein Jaap Hilarides

Hein Jaap Hilarides is neist skriuwer ek muzikant en sjonger. Sûnt 2004 is Hilarides kollumnist foar de Bildtse Post. It is dêrom ek net frjemd dat hy neist it Frysk ek yn it Biltsk skriuwt. 'De trekker fan Troje' waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2019. Op dit stuit wurket Hilarides oan in prequel fan 'De trekker fan Troje', in kronyk oer de boerefamylje Wassenaar.
De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechstjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.