Frisia hie gjin claim yntsjinne by wegerjen boarfergunning yn Waadsee

20 okt 2019 - 16:43

As sâltwinningsbedriuw Frisia gjin fergunning krigen hie foar it winnen yn de Waadsee, hiene se noait in skeaclaim yntsjinne tsjin de provinsje. Dat seit direkteur Durk van Tuinen. Frisia sil noch foar de ein fan dit jier begjinne mei de winning yn de Waadsee, in aktiviteit dêr't ûnder oare de Waadferiening him bot soargen makket.

De Waadsee - Foto: Remco de Vries

As der sprake west hie fan in rinnende fergunning dêr't de provinsje fan ôf woe, dan hie Frisia wol in skeaclaim yntsjinne. "Mar Sjoerd Galema, deputearre yn dy tiid, wie blykber benaud dat it ôfkeapjen fan in nije fergunning ek jild kostje soe", seit Van Tuinen.

Dat waard ek dúdlik út ûndersyk fan Omrop Fryslân. Galema sei dat binnen it provinsjebestjoer de oertsjûging bestie dat de sâltwinning net stopset wurde koe, omdat de konsesje foar 60 jier jûn wie oan Frisia. "Dan moatte je de konsesje ôfkeapje en dat soe hûnderten miljoenen euro's kostje, sa waard sein troch amtners en it SodM (Staatstoezicht op de Mijnen)."

Gjin kennis by provinsje

Ut de petearferslaggen fan de provinsje docht lykwols bliken dat der binnen it provinsjehûs en oare bestjoerslagen amper oant gjin kennis wie oer de konsesje foar de sâltwinning. Hienen de belutsen amtners en bestjoerders de konsesje wol lêzen, dan hie dúdlik west dat Frisia sâlt winne mei mei in maksimale boaiemdelgong. As dy berikt is, moat it bedriuw ophâlde. De bestjoerders krije dus mar beheind en iensidige ynformaasje.

Omrop Fryslân hat de winning fan sâlt ûndersocht yn gearwurking mei de regionale omroppen fan Grinslân, Drinte en Oerisel. Under oare Hayo Bootsma hat him dermei dwaande holden. "We wolle graach saken ris wat djipper ûndersykje. Dat heart by ús taak as omroppen. It platfoarm Follow the Money wurket ek mei. In frou út Veendam hie in idee om sâltwinning te ûndersykjen. Se sei: 'der wurdt hjir yn de buert sâlt wûn, mar wat is dêr it belang eins fan?'"

Wat is it belang fan sâltwinning?

"Fan ierdgaswinning is it bekend", fertelt Bootsma. "Dat smyt in soart problemen op, mar we witte dat dat miljarden euro's opsmyt. Hoe is dat mei sâltwinning? Yn Fryslân en Twinte binne enoarme putten ûntstien. Der is sprake fan boaiemdelgong."

Van Tuinen wit wat dy belangen binne: "Sâlt is in hiel belangrike grûnstof foar de gemyske yndustry. We kenne it sâlt op de keukentafel en sâlt op de dyk. Mar sâlt is ek de basis fan in hiel soad produkten. It is nedich om auto's te meitsjen bygelyks."

It bedriuw dêr't Van Tuinen direkteur fan is, Frisia, is yn 1995 begûn yn Harns. "Dat wie doe yn in ekonomysk muoilike situaasje. Der wie hast neat te dwaan yn de haven. Harns en de provinsje wiene bliid mei it nije inisjatyf. Fansels, mynbou leit altyd gefoelich. We binne eins gast yn de ûndergrûn. Dus dat je it altyd útlizze moatte, dat is logysk."

Goed foar ekonomy

De komst fan Frisia wie goed foar de ekonomy. "Yn 1995 kwakkele de haven noch", fertelt Bootsma. "Der moast mear aktiviteit wêze. Doe kaam it sâltbedriuw en dat betsjutte skipfeart nei de haven ta." Hat de oerheid dêrby in eachje ticht dien? "Dat kin ik net hurd meitsje. Mar mynboubedriuwen sykje altyd plakken op dêr't se in potsje brekke kinne. Boppedat ha se der mear as hûndert minsken oan it wurk set."

Foto: Omrop Fryslân

It winnen yn de Waadsee is folle minder skealik as op lân. Dat kaam Frisia hiel goed út, want it is ek folle makliker te winnen dêr.

Hayo Bootsma

Dúdlik is wol dat der ûnkunde wie yn bestjoerlik Fryslân wat de konsesjes oanbelanget, fertelt Bootsma. "De útwreiding fan sâltwinning spile yn de perioade 2005 oant en mei 2008. Frisia woe sâlt út grûn helje by Doanjum en Boer, boppe Frjentsjer. Dêr wie in konsesje foar ôfjûn. Dan moat der noch in winningsplan komme. Van Tuinen hie doe wol troch dat it dreech lizze soe, want der wie wjerstân yn it gebiet fanwege boaiemdelgong en wetteroerlêst. Wat Frisia doe tûk dien hat: se ha in miljeu-effektrapportaazje (MER) dwaan litten: wat soe winning yn de Waadsee betsjutte ferlike mei winning boppe Frjentsjer? De útkomst wie dat it yn de Waadsee folle minder skealik wêze soe. Dat kaam Frisia hiel goed út, want it is ek folle makliker te winnen dêr."

Boartoer op eigen parkearplak

Dat kloppet, seit Van Tuinen: "As we oan lân bliuwe soene, komme we hieltyd fierder by it fabryk wei. Dan moatte je allegear liedingen oanlizze. En no ha we in boartoer op ús eigen parkearplak yn Harns."

En de winning yn de Waadsee is ek better as oan lân, seit Van Tuinen: "As we fierder gong wiene oan lân, dan hie der boaiemdelgong hân. Dat moatte je dan wer better meitsje, yn gearwurking mei it wetterskip. Yn de Waadsee krijst ek in kom, mar dat wurdt kompensearre troch sân en slib."

Dochs opfallend dat sâltwinning yn de Waadsee kin, want dat is in wrâlderfgoed. Bootsma: "Yn de 'planologische kernbeslissing' fan de Waadsee stiet ek dat sâltwinning eins net mei. Allinnich as je dat dwaan kinne sûnder skea."

Dat soe kinne, docht bliken út de MER, en dus hat Frisia de fergunning foar sâltwinning yn de Waadsee krigen. Hoe koe it provinsjebestjoer dêrmei akkoart gean? Dat komt dus trochdat der ûnkunde by de provinsje wie op dit mêd. "Dit wie de maklikste oplossing. As de provinsje net meiwurke soe oan in konsesje op lân, dan hiene se Frisia ôfkeapje moatten. Dan mar op de Waadsee, want dan komt der yn elk gefal gjin skeaclaim. Mar as de provinsje presys witten hie wat der yn de konsesje stie, dan hiene se ek sâltwinning op it Waad tsjinhâlde kinnen."

Problemen mei tafersjoch sâltwinning

Der is ek in probleem mei de kontrôle fan de winning yn de Waadsee. Bootsma: "Frisia moat kontrolearje wat der yn de boaiem bart. Dat moatte alle mynboubedriuwen. Se ûndersykje it gebiet dêr't wûn wurdt. Mar wat bart dêromhinne? Dat wit gjinien. Dêr falle ûnder oare fûgelûndersiker Theunis Piersma en de Waadferiening oer. Wat gebeurt der 500 meter fierderop, freegje sy har ôf."

Van Tuinen tinkt yn elts gefal dat de sâltwinning goed genôch yn de gaten holden wurdt: "We wurde sa kontrolearre troch allegear mjittingen. Der sil noait in situaasje wêze dat wy sizze: 'it kin net, mar wy geane dochs troch'. It hiele systeem mei monitoring sa dúdlik."

Dochs is der oer de mjittingen ek genôch te sizzen. "Der is gjin gearhing yn al dy mjittingen", seit Bootsma. "Fiskers mjitte, Ekonomyske Saken mjit, mynboubedriuwen mjitte, de Waadferiening, tal fan ûndersikers. Mar wêr komt alles by-inoar?"

Van Tuinen is it mei Bootsma iens: "Dat ha ik ek wolris sein. It soe in goede takomstige taak fan de Waddenacademie wêze. De oerheid hat der in Natura2000-gebiet fan makke, mar se ha der gjin goed mjit- en monitorsysteem foar betocht. No docht elkenien dat op in eigen manier en mei in eigen doel. Dat alles moat by-elkoar brocht wurde."

Durk van Tuinen en Hayo Bootsma yn it programma Buro de Vries

Durk van Tuinen en Hayo Bootsma - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De ôfrûne wike hat Omrop Fryslân ferhalen publisearre oer de ferskillende kanten fan de sâltwinning yn Fryslân.

De fjouwer noardlike regionale omroppen setten begjin dit jier met ûndersykssjoernalistyk platfoarm Follow the Money de 'Noord & Oost Pitch' út. Ynwenners fan de fjouwer noardlike provinsjes koenen in ûnderwerp pitche dêr't se fan fine dat der mear ûndersyk nei dien wurde moat. Jakoba Gräper út Veendam wûn de pitch. Sy stelde foar om de belangen fan de sâltwinningssektor ris goed ûnder de loep te nimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)