Keninklike ûnderskieding Marijke Lodeweges, 'mem fan de natuerwike' yn Riis

Marijke Lodeweges út Riis hat snein in keninklike ûnderskieding krigen. Se wurdt Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Se hat har de ôfrûne tritich jier bysûnder fertsjinstlik makke foar de beskerming, belibbing en ferbining fan natuer, lânskip en minsken yn Gaasterlân-Sleat, neffens de gemeente.
© Jan Tijsma
Boargemaster Fred Veenstra fan de gemeente De Fryske Marren hat de 71-jierrige Lodeweges it fersiersel opspjelde yn it gebou De Wildtskuorre fan It Fryske Gea. Dat die er op de Griene Merk yn de Riister Bosk, de iepening fan de natuerwike dêr.

Belutsen, beflein en entûsjasme

Lodeweges is sûnt 1995 sekretaris fan de Stichting Gaasterlân Natuerlân. Se wurdt omskreaun as belutsen, beflein en ien dy't oaren entûsjast makket. Se is ek de 'mem' fan de griene merk en fan de oare aktiviteiten yn de natuerwike.
Nei't Gaasterlân-Sleat yn 2014 mei oare gemeenten fusearre ta De Fryske Marren sit Lodeweges yn it bestjoer fan it gearwurkingsferbân De Krite. Dêr is se ek wer sekretaris.
Fierder set se har yn foar it mingde koar Sjongsum út Warkum, dêr't se sûnt 1994 ponghâlder is.

'Sûnder har hie Gaasterlân minder moai west'

"Minsken as Marijke binne ûnmisber, troch har jierrenlange frijwillige ynset en bydrage", seit de gemeente. "Oars hie it súdwesten fan Fryslân, en benammen Gaasterlân, in stik minder moai west en minder aktiviteiten hân."