Ljouwerter dosinte siket yn stik ferbining eigen trauma's en Grykske trageedzje

20 okt 2019 - 11:20

De jonge Ljouwerter dosinte Gryksk en Latyn Ninah Tiemersma hat in teäterstik makke oer har libben en PTSS (post-traumatische stressstoornis). Yn it stik 'Niet meer alleen' siket se de ferbining tusken har eigen libben en trauma's mei dy fan de froulju yn Grykske trageedzjes. "Als je bij theater denkt aan dingen die geacteerd zijn, moet je niet bij mijn voorstelling zijn."

Foto: Simone Scheffer

As jong famke libbe Ninah mei in ferslaafde heit dy't har fysyk en mentaal mishannele. Doe't har mem en sy úteinlik by him weigiene, bleau hy se stalken. Ninah wie al jong traumatisearre en der waard troch de psycholooch PTSS konstatearre. Se gie yn terapy, mar krige ek wer in weromfal en in burn-out.

'Ik vond herkenning'

Dêrom gie se nei de Grykske haadstêd Atene om by te kommen. Se begûn Grykske trageedzjes te lêzen. "Ik vond herkenning: 2500 jaar geleden overkwam vrouwen ook trauma en verdriet." It holp Tiemersma en se gie dermei fierder.

Se makke in skripsje oer it ûnderwerp en ûntduts by it lêzen fan de ferhalen dat ek de froulju lykas Andromache en Creüsa, dy't se foar har skripsje ûndersocht, traumatisearre wiene.

Stipe by it ferwurkjen

It joech har stipe yn it ferwurkjen en Tiemersma besleat in teäterstik te meitsjen oer de trageedzjes en har eigen libben. Dat stik hat se no twa kear opfierd. De reaksjes binne ferskillend: "Mensen moesten ook even wennen dat het zo autobiografisch was, want dat kwam uit het stukje niet meteen naar voren."

In protte minsken wurde emosjoneel fan it stik. "Ik heb veel mensen zien huilen. Mensen die mij goed kenden, dachten: jeetje, dit is allemaal wel heel erg."

Mensen durven nu hun eigen emoties onder ogen te zien. Dat vind ik het fijnst.

Ninah Tiemersma oer de reaksjes op har stik

De moaiste reaksje kaam fan in frou dy't nei har takaam: "Ze zei: 'Ik realiseer me nu dat ik eigenlijk ook een heel slechte jeugd heb gehad. En dat ik daarom bepaalde dingen doe of laat.' Verder komen mensen me knuffelen of huilend naar me toe om respect te geven. Zij durven nu hun eigen emoties onder ogen te zien. Dat vind ik het fijnst."

Se aktearret net yn it stik. "Het is pure, rauwe emotie. Het is ook geen therapie of cabaret, maar een mengvorm. Net als bij cabaret deel ik mijn verhaal en giet ik het in een kunstvorm."

Woansdei 23 oktober docht Tiemersma har foarstelling yn it programma IepenUP Live noch in kear.

Ninah Tiemersma oer har stik 'Niet meer alleen'

(advertinsje)
(advertinsje)