Wurk oan it spoar: oare tsjinstregeling tusken Ljouwert en Meppel

20 okt 2019 - 09:17

Reizgers dy't dizze wike mei de trein fan Ljouwert yn de rjochting fan Meppel wolle (of oarsom), moatte rekken hâlde mei ekstra reistiid. Der wurdt wurke oan it spoar.

Spoar - Foto: Shutterstock.com

Fan snein 20 oktober oant en mei tongersdei 24 oktober ride de sprinters in kertier letter as gewoan: net om 19 en 49 minuten nei it hiele oere, mar nei 4 en 34 minuten.

Fan freed oant en mei snein 27 oktober ride de sprinters út Ljouwert net fierder as Akkrum. De NS seit dat reizgers rekken hâlde moatte mei mear oerstappen en in langere reistiid.

Ek wurk tusken Ljouwert en Grins

Sûnt ôfrûne woansdei wurdt der ek al wurke oan it spoar tusken Ljouwert en Grins. Dat moat derfoar soargje dat der úteinlik in ekstra sneltrein ride kin op dat trajekt.

Troch de wurksumheden ride der oant snein 27 oktober gjin sneltreinen tusken Ljouwert en Grins, mar snelbussen. Boppedat ride de stoptreinen net tusken Grins en Zuidhorn. Yn stee dêrfan rydt der ek in bus.

(advertinsje)
(advertinsje)