Elske DeWall folop yn training: "Ik sit ûnder de blauwe plakken"

20 okt 2019 - 09:01

De earste ôflevering fan it programma Dancing on Ice is 'pas' yn desimber, mar sjongeres Elske DeWall is al drok oan it trainen. "Nei de earste dei tocht ik: dit slagget my noait", seit se. "Ik ha dizze wike trije dagen efterinoar traind en ik sit al ûnder de donkerblauwe plakken. Ik lykje wol in bejaarde, ik koe hast net mear rinne."

Elske DeWall by Dancing on Ice - Foto: Elske DeWall

De trainingen binne yn Baarn, fertelt De Walle. "Dêr ha se in iisbaan yn in tv-studio makke, spesjaal foar dit programma. Mei in oare dielnimmer oefenest dan mei in trainer. Twa oeren lang. Dat fielt koart, mar it is ek bêst lang. Want ast dit noch noait dien hast, dan fielst spieren wêrfan'tst net wist datst se hiest."

Totaal oare dissipline

En it wurdt noch yntinsiver, want takom wike traint se fiif dagen efterinoar. Dat is ek wol nedich, seit se. Want gewoan reedride kin se wol, mar dit is dochs hiel oars. "It is in totaal oare dissipline. Draaie, rûntsjes, efterút ride. De moed sakke my fan 'e wike wol wat yn de skuon. Ik snap it hiele konsept fan efterútriden net. Ik bin sa wend om op redens sa hurd mooglik te riden."

Mar hoe lestich it ek is, Elske fernimt ek dat it learen rap giet. "Nei de twadde dei komst derefter datst alwer aardich mear kinst as de earste dei." En se docht alle dagen yoga, dat helpt. "Gewoan om de spieren lekker te strekken. Ik hie troch de trainingen foaral lêst fan de ljisken en de sydkant fan 'e búkspieren. Dat brûk ik noait. It binne bewegingen dy'tst eins noait makkest."

Ik bin bliid as ik in bytsje in pirûette draaie kin, of in spronkje meitsje.

Elske de Walle

De Walle hat noch gjin idee wat se oer in pear wiken kin: "Ik sei noch: ik bin al bliid as ik in bytsje in pirûette draaie kin, of in spronkje meitsje kin." Uteinlik wurde de dielnimmers keppele oan in profesjonele dûnser. "Dy komt oer fiif of seis wiken. Yn myn gefal is dat hooplik in lang persoan, want dat bin ik ek."

De konkurrinsje bestiet út ûnder oare Donnie Roelvink en Roy Donders. "Ik sil dy fertelle: Donnie Roelvink is hiel goed op de iishockeyredens", seit De Walle. "Hy hat tsien jier lyn ris meidien mei Kinderen Dansen op het IJs. Dat hat er gewoan wûn, dus dat is in hiel goede. En foar Roy is dit syn ultime dream, hy fynt dit hielendal geweldich."

Stipe út Fryslân

Op 7 desimber is de earste útstjoering. De Walle hopet dat Fryslân efter har stiet: "Ik wit dat Friezen normaal mear binne fan it langebaanriden, mar it soe moai wêze as se my mentaal stypje."

Elske de Walle oer har trainingen foar Dancing on Ice

(advertinsje)
(advertinsje)