Groenewoud start maratonseizoen mei winst: "Ik hie dit net ferwachte"

20 okt 2019 - 07:42

De earste reedrydmaraton fan it seizoen wie in proai foar Marijke Groenewoud. Mei twa oaren ried se út it peloton wei en yn de sprint wie se it rapst. "Ik hie dit fan tefoaren net ferwachte, dus ik bin hjir hartstikke bliid mei", sei de Hallumse. "Dit is in hiel moai begjin."

Se wist ek net sa goed wat se ferwachtsje koe. "It is ek sjen hoe't de konkurrinsje derfoar stiet. Ik fielde mysels fit, mar ik wist net hoe fit ferlike mei de oaren."

Uteinlik gie Groenewoud der al betiid yn de race fan troch, mei Beau Wagemakers en Loes Adegeest. "We giene kop-oer-kop en al frij gau kamen we wer by de groep", fertelt Groenewoud. "It koste net in soad enerzjy, dus dat gie moai."

Skerp bliuwe

Dêrnei wie it saak om skerp te bliuwen. "It is altyd in soad fjochtsjen yn it peloton. Mar nei't we in rûntsje pakt hiene, wist ik by wa't ik yn de buert bliuwe moast. Dus ik koe my goed steande hâlde."

It peloton sprinte nei 74 rûntsjes ôf, wêrnei't Groenewoud, Wagemakers en Adegeest om de winst stride mochten. Uteinlik waard it in striid tusken de earste twa. "Wy rieden bêst fier foaryn by de sprint fan it peloton en sy (Adegeest, red.) siet fierder achteryn. Dus ik die even in beurt op kop, dêrtroch kaam sy der net mear by."

Foto: Neeke Smit / Timsimaging.nl

En úteinlik wie Groenewoud dus ek rapper as Wagemakers. "Ik hie wol yn de gaten dat ik ien fan de sterksten wêze soe. Dat bliek op it lêst ek, ik kaam der frij maklik oerhinne", fertelt de Hallumse. "Ik soe earst op 300 meter gean, mar der stie noch in ridlik wyntsje. Dus ik wachte op it lêste rjochte ein. Yn de bocht hie ik it al yn de gaten: ik gean hjir bêst maklik omhinne."

Foto: www.orange-pictures.nl

By de manlju gie de oerwinning nei België. Bart Swings kaam solo oer de streek, mar dat waard mei mooglik makke troch syn ploechgenoat Jorrit Bergsma. Dy ried trije rûntsjes foar de einstreek hurd mei Swings út de grutte oerbleaune groep wei.

Bergsma: "Us ploech wie net sa breed beset as de konkurrinsje, dus we koene de sprint net fan kop ôf oan pakke. We moasten noch acht man foarby. Bart Swings is de rappe man, dus ik tocht: ik moat mar even folle bak en betiid oangean. Dat pakte hiel goed út."

Sa goed sels dat de grutte groep net mear yn de buert komme koe fan Swings. "Bart is gewoan in wrâldtopper, in rappe man", seit Bergsma. "Dan is it foar my saak om de sprint oan te lûken. Ik moast fier fan efteren komme yn de groep, dus dan moat it gaspedaal ek wol even iepen om der foarby te kommen."

Bergsma kaam sels as santjinde oer de finish, mar hy liet sjen al yn foarm te wêzen. "De tarieding op it seizoen wie hartstikke bêst", seit er. "We ha in pear wiken yn it bûtenlân sitten, yn Erfurt en yn Inzell. Ik fernaam al dat ik der bêst foar stie. Dat blykt hjoed ek wer."

(advertinsje)
(advertinsje)