Joey Veerman: "Vrijdag nog op corners getraind, dat ging dramatisch"

19 okt 2019 - 22:43

Opfallend oan de oerwinning fan Sportklup Hearrenfean op AZ: de Friezen skoarden trije kear út corners. En dat wie no net bepaald in spesjaliteit fan de Friezen. "Maar toevallig hebben we vrijdag op corners getraind", sei Joey Veerman. "Alleen ging dat dramatisch. Gelukkig ging het vandaag beter."

Joey Veerman oer de hoekskoppen:

Veerman nimt de measte corners by Hearrenfean. Wêrom't it sneon tsjin AZ samar allegear slagge, wit er net. "Ik weet niet wat het is, maar ik ben blij dat we het vandaag wel goed doen."

Trainer Johnny Jansen wist wol wát der krekt better moast by de corners: "Er moest meer snelheid in komen en de loopacties voor de goal moesten beter. Dat pakte goed uit." Al moast Jansen, krekt as Veerman, tajaan dat it op de training noch net geweldich rûn: "Ik zei op een gegeven moment: ik doe er wel eentje voor. En die kopte Jens Botman gelijk binnen. Dus Joey Veerman zei: laat maar, dit gaat ook niet helpen."

Joey Veerman en Fredrik Midtsjø - Foto: www.orange-pictures.nl

Ik zit wel lekker in m'n vel hier.

Joey Veerman, dy't dizze simmer oerkaam fan FC Volendam

Veerman nimt net allinnich de corners, hy joech ek de assist op de 1-2 fan Rodney Kongolo. De middenfjilder dy't fan Volendam oerkaam krijt in protte positive kritiken: "Ik zit wel lekker in m'n vel hier", bliuwt er nochter.

Dat Hearrenfean foar in protte ploegen net noflik is om tsjin te spyljen, hat Veerman wol in ferklearring foar: "Wij zijn best wel goed in de counter, met die twee snelle gasten voorop. Dat kunnen wij gewoon heel goed. Iedere keer dat wij de bal onderscheppen spelen we de dieptebal op die twee snelle gasten. Dan moet de tegenstander er achteraan. En dat vinden ze niet leuk."

Jansen bliid mei striid

De trainer is benammen wiis mei de manier wêrop't syn ploech striidt foar alle ballen. "Het team wil zo graag en zo goed met elkaar samenwerken", seit Jansen. "Als je kijkt naar Faik en Botman. Dan komt er een schot, gaan ze ervoor liggen. Dat geeft aan hoe bereid ze zijn om een resultaat te halen."

Johnny Jansen is bliid, mar bliuwt kritysk:

En dat Hearrenfean dan skoart út standertsituaasjes is neffens Jansen gjin tafal. "Vandaag zat het even mee, want Sven kopt die eerste bal direct binnen. Maar Raymond Vissers, onze keeperstrainer, pluist de standaardsituaties altijd uit. Hij zei al dat er echt mogelijkheden voor ons lagen. Dat heeft-ie goed gedaan, want het is gelukt."

Ek romte foar ferbettering

Dochs bliuwt Jansen altyd kritysk, want hy sjocht noch genôch wat better kin: "AZ kregen wel mogelijkheden. Ze zijn goed aan de bal, maar we hebben het vandaag heel goed gedaan. Countermomenten hebben we zeker gehad vandaag. Daar hebben we onszelf niet eens voldoende beloond. In balbezit moeten we absoluut nog stappen maken. We zijn nog een jonge ploeg."

Dy jonge ploech spilet takom wike tsjin FC Grins. Jansen docht in oprop oan it publyk: "Kom naar het stadion. We willen spektakel bieden. Dat gaat lastig worden, want Groningen heeft gewoon een goede en stugge ploeg. Maar we hopen op een mooie wedstrijd."

Botman makket earste goal

Sven Botman iepene de skoare nei seis minuten. Dat wie syn earste goal yn it pompeblêdeshirt. "Ik ben er heel blij mee, het was een mooi moment. Hier staat een blij man."

Sven Botman makke syn earste goal:

Mar de ferdigener is ek bliid dat it efteryn goed stiet dit seizoen: "Toen ik hier kwam was de boodschap dat we minder tegendoelpunten moesten krijgen. Dat was ook een reden waarom ze mij wilden hebben waarschijnlijk."

En efteryn is net de iennige liny dêr't it goed stiet, fynt Botman. "We zijn een voetballende ploeg. Onze middenvelders kunnen het spel goed verdelen, we hebben aanvallers die een eigen actie kunnen maken en een spits die scoort nu."

(advertinsje)
(advertinsje)