Flyers winne op besite by Zoetermeer Panters foar achtste kear op rige

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneontejûn harren achtste wedstriid op rige wûn. De Zoetermeer Panters waarden mei 6-5 ferslein nei in spannende tredde perioade.
© Martin de Jong Fotografie
De Flyers einigen de earste perioade mei in 2-1 foarsprong, troch goals fan Adam Bezak en Trevor Petersen. Berry Donders skoarde foar de Panters. Yn de twadde perioade kamen de Panters op 2-2 troch Joy Turpijn.

Spannende tredde perioade

Yn de tredde perioade sette Petersen de Friezen wer op foarsprong, mar soarge Thomas Borgman ek wer foar in lykmakker. Dêrnei skeat Bezak fanôf de sydkant de puck hurd foarby Panters-keeper Cas Neuman.
Zoetermeer kaam wer lânsside fia Jay Huisman, mar de Feansters sloegen binnen in heale minút werom. Trevor Petersen rukte oer links op en skeat de puck tusken twa ferdigeners troch efter de keeper.
Krekt foar tiid kamen de Panters wer lyk troch Jared Henderson, mar Juha Kiilholma lei binnen de minút de 6-5 der alwer yn. Dat waard ek de einstân.

Achtste winst op rige

It wie alwer de achtste winst op rige foar de Flyers, wêrfan de sânde yn de beker. Yn dy bekerkompetysje stean de Friezen boppe-oan mei 20 punten. Nije wike freed en sneon stean wedstriden tsjin de nûmer twa, Ahoud Devils út Nijmegen, op it programma.