Plysje siket twa dieders stekpartij yn Dokkum, 23-jierrige Ljouwerter ferwûne

20 okt 2019 - 10:13

In 23-jierrige man út Ljouwert is ferwûne rekke by in stekpartij oan de Aalsumerpoort yn Dokkum. De plysje hat sneontejûn socht nei de twa dieders, mar dy binne noch net fûn.

Foto: De Vries Media

De oanlieding foar de stekpartij is net bekend. Omstanners ha it oer in berôving. It slachtoffer waard oantroffen op in bankje op de Grote Breedstraat. Ambulânsepersoniel hat it slachtoffer nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

De plysje hat op ferskate plakken yn de stêd ûndersyk dien. Se sykje twa wite jonges fan sa'n 1 meter 90. Der is in buertûndersyk opset.

Snein giet de plysje fierder mei ûndersyk. Se hoopje dat minsken mei mear ynformaasje, bygelyks mei kamerabylden, har melde.

(advertinsje)
(advertinsje)