VC Snits ek ûnderút tsjin Apollo 8

19 okt 2019 - 21:40

De follybalsters fan VC Snits ha sneontejûn mei 3-0 ferlern fan Apollo 8. It wie it tredde ferlies op rige foar de Snitsers, dy't lêste stean yn de earedifyzje.

Roos van Wijnen (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

VC Snits ferlear de earste twa sets mei 25-19 en 25-21. De tredde set wie hiel spannend. Neidat it 25-25 wurden wie, kamen de Snitsers trije kear op foarsprong, mar waard it ek fuort wer lyk. Dêrnei kaam Apollo in oantal kear op foarsprong, mar kaam ek Snits wer lânsside. Uteinlik beslikke Apollo de set troch op 32-30 te winnen.

Roos van Wijnen skoarde 15 kear foar Snits, fierwei it meast. Britt Scheurs en Iris Reinders namen beide 5 punten foar harren rekken.

Tredde ferlies

It is it tredde ferlies op rige foar VC Snits. De Snitsers ha nei trije wedstriden noch mar 1 punt helle yn de earedifyzje en stean dêrmei lêste.

(advertinsje)
(advertinsje)