Aris ferliest mei grutte sifers fan Feyenoord

De basketballers fan Aris binne foar de fiifde kear dit seizoen mei ferlies fan it fjild stapt. Op besite by Feyenoord yn Rotterdam waard it 98-62.
Samuel Idowu (agryf) © www.orange-pictures.nl
De thúsklup, dat twa fan syn trije wedstriden wûn hie dit seizoen, sloech yn it earste kwart al in gat fan tsien punten. Dat waard dêrnei allinnich mar grutter. It twadde kwart gie mei 27-11 nei de Rotterdammers.
Nei it skoft rûn Feyenoord fierder út. Yn it lêste kwart wie it ferskil al sa grut dat coach Toon van Helfteren fan de thúsploech in protte bankspilers spyltiid joech.

Idowu topskoarer

Aris-center Samuel Idowu waard wol topskoarer fan de wedstriid, mei 29 punten. Hy krige op it skoareformulier lykwols net in soad help. En it slagge Aris net om Feyenoord fan it skoaren te hâlden: seis spilers hiene tsien punten of mear.
Nei fiif wedstriden hat Aris twa punten. De ienige oerwinning fan dit seizoen oant no ta wie in reglemintêre, tsjin Leiden.