Plysje siket tsjûgen fan ûngelok op It Hearrenfean

19 okt 2019 - 20:44

De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok op de A32 by It Hearrenfean freedtemiddei. Dêrby rekken trije minsken ferwûne.

Foto: Dennis Stoelwinder

Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. Dêr hopet de plysje efter te kommen as tsjûgen har melde.

Troch it ûngelok wie de dyk in skoft ticht en ûntstie der in file. De traumahelikopter dy't teplak wie, lâne op de sneldyk.

Trefwurden: 
ûngelok It Hearrenfean A32
(advertinsje)
(advertinsje)