SC Hearrenfean yn Den Haag te sterk foar AZ

Sportklup Hearrenfean hat de útwedstriid tsjin AZ wûn. Yn Den Haag waard it 4-2 foar de Friezen, dy't trije kear út in hoekskop skoarden. It is de tredde oerwinning op rige foar Hearrenfean.
Doelpuntemakkers Sven Botman en Rodney Kongolo © www.orange-pictures.nl
Sven Botman sette de ploech fan Johnny Jansen al betiid op foarsprong. AZ-doelman Marco Bizot hie flak dêrfoar noch in skot fan Hicham Faik ta hoekskop ferwurke, mar just dêrút skoarde Hearrenfean. Botman wûn yn de loft fan Stijn Wuytens en Bizot wie út syn goal: 0-1.

AZ better

In goed begjin fan Hearrenfean, dat de saken prima foar-inoar hie yn de begjinfaze. Stadichoan kaam AZ wol better yn de wedstriid. Warner Hahn koe in skot fan Teun Koopmeiners oer de grûn frij ienfâldich pakke, mar Dani de Wit wie nei tweintich minuten wol ticht by de lykmakker. Nei in knappe oanfal skeat De Wit op oanjaan fan Calvin Stengs neist.
Ek in skot fan Koopmeiners wie gefaarlik. Hy krige de bal nei't spits Ferdi Druijf de bal werom lei. Fan de râne fan it strafskopgebiet gong it skot fan de AZ-oanfierder krekt njonken de goal fan Hahn.
Nei in healoere spyljen foel de terjochte lykmakker dochs. Botman, dy't sels út in corner noch foar de 0-1 soarge hie, waard no by in hoekskop fan AZ ferslein yn de loft. Ron Vlaar sprong heger en kopte de 1-1 binnen.

Hearrenfean mei foarsprong oan de tee

Dochs gie Hearrenfean mei in foarsprong it skoft yn. Tsien minuten foar tiid like in counter fan de Friezen op neat út te rinnen, mar úteinlik brocht Chidera Ejuke de bal by Joey Veerman. Hy fûn kollega-middenfjilder Rodney Kongolo, dy't mei in pleatst skot Hearrenfean wer op foarsprong sette.
Jens Odgaard en Ron Vlaar yn duel © www.orange-pictures.nl
It waard sels noch 1-3. Hearrenfean skoarde opnij út in hoekskop, nei't Bizot in skot fan Ejuke njonken tikke. Ibrahim Dresevic kopte de corner fan Veerman troch en spits Jens Odgaard wurke de bal by de twadde peal binnen.

Wer spannend

Nei it skoft waard it dochs al gau wer spannend. AZ krige in frije traap, healwei de helte fan Hearrenfean. Koopmeiners spile Fredrik Midtsjø oan oer de grûn en dy joech de bal oan Stengs. De stjerspiler fan AZ omspile Woudenberg en skeat raak fia Hahn.
Dy 2-3 wie foar AZ it sinjaal om hurd op syk te gean nei de lykmakker. Hahn hold syn ploech op foarsprong: hy rêde op in hurde kopbal fan De Wit en op in skot fan Idrissi.

Tredde cornergoal

Nei in goed oere spyljen waard Hearrenfean wer gefaarlik. Veerman fûn Odgaard, dy't hurd mei links skeat. Bizot rêde. It smiet Hearrenfean wol wer in corner op en dêrút skoarden de Friezen alwer. Kongolo kopte by de twadde peal út in muoilike hoeke op goal. Fia AZ-oanfierder Koopmeiners bedarre de bal yn de goal: 2-4.
Yn de slotfaze krige benammen AZ noch wat kânsen, mar de oerwinning fan Hearrenfean kaam net mear yn gefaar.
AZ hie yn de earste njoggen wedstriden mar ien kear ferlern en mar fjouwer goals tsjin krigen. Dat is nei de wedstriid tsjin Hearrenfean beide ferdûbele.
Johnny Jansen © www.orange-pictures.nl
Troch de oerwinning klimt Hearrenfean, yn elk gefal tydlik, nei it fyfde plak. De ploech fan Johnny Jansen hat sechstjin punten út tsien wedstriden. Takom wike stiet de noardlike derby op it programma: dan spilet Hearrenfean thús tsjin FC Grins.
AZ - SC Hearrenfean 2-4 (1-3) 7. Sven Botman 0-1, 31. Ron Vlaar 1-1, 36. Rodney Kongolo 1-2, 45+3 Jens Odgaard 1-3, 47. Calvin Stengs 2-3, 63. Teun Koopmeiners (eigen goal) 2-4
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg (64/Van Rhijn); Kongolo, Faik, Veerman; Van Bergen (82/Halilovic), Odgaard (90/Dreyer), Ejuke.