Marijke Groenewoud wint Jaap Eden Bokaal yn Amsterdam, Swings wint by manlju

19 okt 2019 - 21:50

Marijke Groenewoud fan Hallum hat yn Amsterdam de 48e Jaap Eden Bokaal wûn. Nei tachtich rûntsjes wûn se yn de sprint fan Beau Wagemakers. By de manlju gie de oerwinning nei de Belch Bart Swings, fan de ploech fan coach Jillert Anema.

Groenewoud en Wagemakers wiene mei Loes Adegeest earder yn de race fuort sprong út it grutte peloton. Sy bleaune dêrom mei har trijen oer, mar Adegeest foel al gau fuort. Wagemakers gie de sprint as earste oan, mar Groenewoud wie dúdlik rapper. Loes Adegeest lei beslach op it tredde plak.

Groenewoud har teamgenoate Irene Schouten, dy't ferline seizoen alle cupwedstriden wûn dêr't se oan meidie, wie de rapste yn de sprint fan it peloton.

Swings wint by manlju

By de manlju siet der noch in grutte groep yn de finale. Trije rûntsjes foar de ein makke Jorrit Bergsma tempo en allinnich syn ploechgenoat Swings koe folgje. Dy naam yn it lêste rûntsje oer fan Bergsma en gie solo nei de streek. Bart Hoolwerf waard twadde, de Italiaan Daniel Niero tredde. Fries om utens Jouke Hoogeveen waard sânde.

By de frouljusbeloften waard Hilde-Marije Dijkstra fan Aldetrine twadde. De wedstriid yn Amsterdam wie de earste maratonwedstriid fan it seizoen.

Trije kear yn Fryslân

Takom wike is de twadde wedstriid om de KPN Cup, dan komme de maratonriders yn aksje yn Den Haag. Yn totaal telle fjirtjin wedstriden mei om it klassemint. Twa dêrfan wurde op It Hearrenfean ferriden. De lêste, de finale, is op 29 febrewaris takom jier yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)