Fryske flaggen yn Noard-Brabân, want boeren dêr binne jaloersk op boeren hjir

20 okt 2019 - 07:04

Boeren yn Noard-Brabân hingje dizze dagen de Fryske flagge út by har pleats. It hat allegear te krijen mei de stikstofdiskusje. Yn ús provinsje luts deputearre Kramer de stikstofregels yn. Dat bart net yn Noard-Brabân en dus wolle de Brabanner boeren no leaver Frysk wêze.

It inisjatyf begûn tongersdeitejûn, skriuwt Omroep Brabant. Doe hiene de Brabanner boeren it op WhatsApp deroer dat de stikstofregels yn Fryslân wol fan tafel helle waarden. "Wij gaan laten zien dat wij niet meer trots zijn op onze provincie", sei ien fan de boeren op WhatsApp. In oar kaam doe mei it idee: "Hoe laten we dat zien? Door een Fries te worden. Daar hakken ze tenminste knopen door."

Screenshot WhatsApp - Foto: Omroep Brabant

Ien fan de inisjatyfnimmers is feehâlder Stan Verhoeven út Liempde. Hy wie ien fan de boeren dy't der by it Brabanner Provinsjehûs op oantrune dat it oars moast mei de stikstofregels. Mar dêr gie it provinsjebestjoer net yn mei. "Ik heb niet het idee dat ze bij de provincie dachten: het is menens, we zullen maar eens aan de boeren gaan denken", seit er.

Stan en syn kollega's wiene jaloersk op Fryske boeren: "In Fryslân is de provincie na protest van de boeren daar wél vrij vlug omgegaan." Nei de oprop op WhatsApp hat Stan direkt in Fryske flagge besteld. Sneon waard er besoarge en hong Stan 'm op.

Ik was altijd trots om Brabander te zijn, maar nu niet meer.

Boer Iwan van Zandvoort út Geffen

Hy is net de iennige. By Iwan van Zandvoort út Geffen hinget ek in Fryske flagge. "Ik was altijd trots om Brabander te zijn, maar nu niet meer", seit er. "Dat kan ook niet, als ze je zo behandelen en wegpesten. Het ergste is dat Brabant vasthoudt aan 2022 als jaar waarin de stallen gemoderniseerd moeten zijn, terwijl boeren op andere plekken daar veel langer de tijd voor hebben."

Fryske flagge yn Geffen - Foto: Omroep Brabant

It is net bekend hoefolle boeren oft de Fryske flagge hingjen ha, mar Stan ferwachtet dat der noch in soad bykomme, want in protte boeren wachtsje noch op harren bestelling.

Folksliet is te dreech

De Brabanners woene eins noch wol mear as allinnich in Fryske flagge: "We hebben overwogen om het Friese volkslied in te studeren voor ons volgende bezoek aan het provinciehuis in Den Bosch, maar dat is toch iets te moeilijk", seit Stan. "Daar is geen touw aan vast te knopen."

Al it nijs oer stikstof is te finen op ús spesjale dossierside, op omropfryslan.nl/dossier/stikstof.

(advertinsje)
(advertinsje)