Fjildkuorbal: winst SCO, ferlies It Hearrenfean en Mid-Fryslân

19 okt 2019 - 20:33

De Fryske kuorbalklup SCO hat sneon thús mei 21-16 wûn fan Rohda yn de Haadklasse A. Beide oare Fryske klups ferlearen: It Hearrenfean gie ferrassend mei 18-25 ûnderút tsjin Meervogels út Zoetermeer en Mid-Fryslân koe net stunte tsjin it sterkere Oost-Arnhem: 11-20.

Foto: www.orange-pictures.nl

SCO ûntfong Rohda, dat nei seis wedstriden noch gjin ien kear wûn hie. Dêr kaam no gjin feroaring yn. SCO pakte syn twadde oerwinning fan it seizoen.

Meervogels hie nei seis wedstriden noch mar ien kear wûn, wylst It Hearrenfean yn de middenmoat stie mei trije oerwinningen en trije kear ferlies.

Oost-Arnhem stie foar de wedstriid tsjin Mid-Fryslân twadde, mar nimt troch de oerwinning de kopposysje oer. Mid-Fryslân bliuwt stean op seis punten, likefolle as It Hearrenfean.

Noch ien kear

Takom wike komme de kuorballers noch ien kear yn aksje yn de Haadklasse. Dat wurdt ek de lêste wedstriid fan dit jier.

(advertinsje)
(advertinsje)