Festival toant âlde en nije techniken yn dbieb Ljouwert

19 okt 2019 - 17:25

De ûntwikkelingen geane sa hurd dat dingen dy't wy 20 jier ferlyn 'gewoan' fûnen no foar jonge bern net iens mear werkenber binne. Nim no in telefoan mei in draaiskiif, in fideorecorder, in faks of in floppydisk. By it festival Digibites wol dbieb, de Ljouwerter bibleteek, jong en âld yn de kunde komme litte mei it ferline, mar ek mei de digitale wrâld fan hjoed-de-dei.

Troch alle ûntwikkelingen is in produkt al gau âld. Kompjûters wurde hieltyd rapper en lytser. Mei Digibites wol Arjan Nijboer fan dbieb dat de besikers dúdlik meitsje: "Naast de typemachine staat hier een Google Home. Daar roep je iets tegen en het wordt voor je gestart. Dat zijn grote contrasten. Maar het is nog niet eens zo heel erg lang geleden dat we typten op de machine."

De bern fan no type op it festival mei in soad passy op de âlde apparaten. Dochs ha se earst wol útlis nedich fan heit of mem oer hoe't it allegear krekt wurket. Ien fan de besikers wrakselet mei de spaasjebalke. Wer in oar freget him ôf hoe't je eins in typflater ferbetterje moatte.

Ek omtinken foar digitale feiligens

Yn in oare romte wurdt in foarstelling hâlden oer digitale feiligens. Jeroen de Boer is de sjomaster: "We proberen mensen zo toch echt duidelijk te maken dat ze goede wachtwoorden moeten maken. Dat hoor je van alle kanten, maar toch zijn de meeste simpel te kraken."

It bêste wachtwurd is neffens de sjomaster gewoan in sin, of in wurd mei in soad lêstekens en wat sifers.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Njonken nije techniken as VR-brillen, wêrmei't je rinne kinne yn in digitale werklikheid, koene je ek nijerwetsk pottebakke. Mei help fan in robot, dy't eksakt útleit watst dwaan moatst, slagge it de measte besikers in prachtich potsje te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)