Bûn Fryske iisklups fiert jubileum op iepen dagen fan iisstadions

19 okt 2019 - 16:45

It bûn fan Fryske iisklups bestiet dit jier 100 jier. Dat wurdt begjin desimber grut fierd, mar ek sneon wie it ek al feest. It bûn hat iisklups yn de provinsje oanskreaun dat se wolkom binne op de iepen dagen fan Thialf op It Hearrenfean en de Alvestêdehal yn Ljouwert. Dat smiet in soad drokte op.

Iepen dei Thialf - Foto: Frank Vink

"We ha goed twahûndert iisklups oanskreaun mei in fersyk: sykje 15 bern op op de skoallen en nim se mei nei de iisbaan", seit Johannes de Vries fan de jubileumkommisje fan de KNSB Gewest Fryslân.

"We ha hjir al tiden gjin sterk iis hân", fertelt De Vries. "Dus ik kin my foarstelle dat der iisklups binne dy't sizze: wêr dogge we it eins foar? Dit is foar ús ek in gelegenheid om se wer wat wekker te skodzjen."

(advertinsje)
(advertinsje)