Earste offisjele kiltmakker fan it fêstelân komt út Fryslân

19 okt 2019 - 16:23

De earste offisjele kiltmakker fan bûten it Feriene Keninkryk komt út Ljouwert. Annette Plantinga hat as earste ynwenner fan bûten it Feriene Keninkryk in sertifikaat krigen dat offisjeel erkend wurdt troch Skotlân.

Annette Plantinga oan it wurk mei in kilt - Foto: Eigen foto

"Sa'n sertifikaat soarget derfoar dat de tradysje fan it kilt-meitsjen bestean bliuwt", fertelt Plantinga. Sels hat se in pear kear nei Skotlân ta west om de keunst te learen. "Dat wie dan by ien thús dy't der hiel bedreaun yn is. En as ik der hjir yn Fryslân even net útkaam, dan koe ik mei har facetime of mei foto's oerlizze."

Presys wurk

Der komt hiel wat te sjen by it meitsjen fan sa'n kilt. "Moatst genôch materiaal ha om de kilt eventueel grutter of lytser meitsje te kinnen, de ôfstân fan de ploaien moat goed wêze, it patroan op de efterkant moat itselde wêze as foarop", leit Plantinga út.

En se docht hast alles sûnder masine. "Dit is klear hânwurk. Miskien ien persint masinewurk, it opnaaien fan de taillebân. Fierders komt der gjin masine by. It wurk is in bytsje terapeutysk, mei nuddel en tried."

Moade en Skotlân

Plantinga wie altyd al nijsgjirrich nei moade en Skotlân. "Ik ha in foaroplieding yn de moade hân en mei myn partner ha ik in Skotske winkel yn Ljouwert. Dêr ferkeapje we bygelyks ek kilten. En somtiden wiene dy kilten net goed. Dus ik tocht: ik wol dit begripe, ik wol leare hoe't je presys sa'n kilt meitsje. En dat wit ik no."

Har sertifikaat hat se noch mar krekt behelle. It nijs is noch sa farsk, dat se 'm noch net sjen litte kin. "Dat wurdt noch tastjoerd. Ik krige telefoanysk berjocht dat myn wurk neisjoen wie. It hie in 'high standard of evidence', seinen se. Dus ik bin wol grutsk op mysels."

Annette Plantinga

(advertinsje)
(advertinsje)