Dinand (17) rêdt beppe út it wetter: "Het was angstaanjagend"

19 okt 2019 - 13:24

It hie in fatale dei wêze kind foar beppe Marijke Kok, doe't se yn augustus by it oanlizzen neist de boat foel en ûnder wetter rekke. Se drige klem te kommen tusken wâl en skip. Har beppesizzer Dinand Jellema (17) út Boalsert hat har rêden. Dêr krijt er no in ûnderskieding foar fan Scouting Nederland.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De ûnderskieding dy't er krijt, is it saneamde 'teken fan moed'. It is pas de fjirde kear dat dat útrikt wurdt. Neffens de beoardielingskommisje wie frou Kok nei alle gedachten ferdronken, as Dinand der net west hie.

Dat er noch mar 17 is, spilet ek mei by de beoardieling, seit Thijs Jansen fan Scouting Nederland, dy't de ûnderskieding útrikte. "Ïedereen kan erbij staan en ernaar kijken, maar hij heeft gehandeld. En dat is wel een onderscheiding waard."

"Ik dacht dat ik werd geplet"

Op 7 augustus kaam frou Kok yn Assen tusken wâl en skip telâne. "Dat is het ergste wat je gebeuren kan", seit se. "We varen al 50 jaar, en je weet dat er risico's zijn. Het schip weegt tien ton, en had goed gang. Ik dacht dat ik werd geplet."

Harkje nei it ferhaal fan Marijke Kok

Dinand draafde direkt nei syn beppe ta. "Ik denk: 'Dit gaat mis', en mijn eerste instinct was om de boot weg te drukken. Ze is al niet zo goed met water."

"Mijn opa kwam erbij, het was allemaal hectisch. En toen kwam de buurman er ook bij. Ze is eruit gekomen."

"Angstaanjagend"

It slagge net fuortendaliks om frou Kok út it wetter te krijen. "Na een kwartier zakte ik helemaal weg", seit se. "Ik dacht dat ze me er niet meer uit zouden krijgen. Het was angstaanjagend."

Frou Kok fûn dat har beppesizzer wol in ûnderskieding fertsjinne. "Ik dacht dat de scouting waarschijnlijk wel iets zou hebben, dus ik meldde het bij de groep. En die hebben er werk van gemaakt."

(advertinsje)
(advertinsje)