Omrop TIP: Filmportret fan Aggie van der Meer yn Fryslân DOK

19 okt 2019 - 10:47

Mei de Fryslân DOK 'Skrinende ferealens' (Schrijnende verliefdheid) hat programmamakker Bart Kingma in portret makke fan skriuwster Aggie van der Meer (Boalsert, 1927). Dit wykein is de Fryslân DOK te sjen by Omrop Fryslân en by NPO2.

Aggie van der Meer har nijste roman 'Tsjûgen fan de macht' ferskynt dizze hjerst. Op 16 novimber kriget se de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre. Van der Meer is net allinnich skriuwster, se wie ek aktyf yn de fredesbeweging yn Fryslân.

"Doe't ik Aggie van der Meer earder ynterviewde yn it programma 'Fiel de nacht' wist ik dat ik in kear in filmportret fan har meitsje woe", seit programmamakker Bart Kingma. "Sy is sa'n krêftige, yntelliginte en sosjaalfielende frou."

Sjoch hjirûnder nei de útstjoering fan Fiel de Nacht mei Aggie van der Meer.

"Har boeken binne aktueel en tagelyk tiidleas. Ast har lêst, soest absolút net sizze dat de skriuwster al 92 jier is", seit Kingma. "Se skriuwt oer macht, net synysk, mar út in djippe ynteresse en mei humor. Mear minsken soene har boeken lêze moatte. Ik haw in protte bewûndering foar har."

Wêrom woesto in film meitsje oer Aggie van der Meer?

"Doe't Aggie nei in harsenynfarkt net mear goed rinne koe, hong se achterop har rolstoel in papier mei de tekst: 'DUWEN MAG.' Sa giet se de doar út en wachtet se op ien dy't har triuwe wol. Geweldich!"

Foto: Omrop Fryslân

"Se bliuwt yn kontakt mei oare minsken. Se mist har man, en fansels wrakselet se mei de gefolgen fan it âlder wurden. Tagelyk hat se in geweldige krêft fan tinken en skriuwen. It hâldt har oerein, it jout har enerzjy."

"It is dus it skrinende fan it gegriem yn it deistich libben, en oan de oare kant de wille fan it skriuwen. Dêr komt ek de titel fan de film wei: 'Skrinende ferealens'. Dat is de steat fan har gefoel dêr't se yn sit. De ferealens op it libben en noch altyd op har man, en dêrby fielt se de pine."

Wêr hasto Aggie van der Meer filme?

"We binne by har thús yn Boalsert. Utjouwer Ernst Bruinsma komt del om har manuskript foar 'Tsjûgen fan de macht' mei har troch te nimmen. Se moetet in âld-meistrider fan it IKV (Interkerkelijk Vredesberaad), Dion van den Berg. En dan de muzikale hommaazje oan Aggie, 'Sykje', dy't komponist Hoite Pruiksma mei de Capella Frisiae dizze simmer útfierde. Dêr ha wy prachtige opnamen fan makke."

Is it ferstannich om út bewûndering in portret fan immen te meitsjen?

" .. Ja. Ik twivelje even om 'ja' te sizzen, mar ik bin der wis fan. Dy bewûndering is foar in frou dy't net ophâldt te tinken, te skriuwen, idealist te wêzen. Aggie van der Meer fertsjinnet in filmportret. En ik hie sa'n spyt krigen as ik it net dien hie."

De Fryslân DOK 'Skrinende ferealens', in filmportret fan Aggie van der Meer, wurdt útstjoerd op 19 oktober om 15.30 oere by NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling). Snein 20 oktober stjoert Omrop Fryslân de film út fan 17.00 oere ôf (werhelling alle oeren).

(advertinsje)
(advertinsje)