SC Koatstertille skrast wedstriden nei ferstjerren foarsitter Rienk Waaksma

19 okt 2019 - 10:13

Foarsitter Rienk Waaksma fan SC Koatstertille is ûnferwachts ferstoarn. Dat meldt de klup. Alle wedstriden fan SC Koatstertille binne dêrom dit wykein fan it programma helle.

Foto: Omrop Fryslân

Waaksma wie by in protte saken belutsen yn it doarp. Hy wie ek bekend as eigener fan taksybedriuw Waaksma. Foarich jier hat er him bot ynsetten om it WMO-ferfier yn Noardeast Fryslân foar syn bedriuw te behâlden.

Ek by SC Cambuur wie Waaksma aktyf. Hy wie dêr sponsor.

Rienk Waaksma is 56 jier wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)