Iuwenâld skilderij stedhûs Boalsert bot skansearre: "De kachel stie net oan"

19 okt 2019 - 08:22

In skilderij dat al sûnt de santjinde iuw yn it stedhûs fan Boalsert hong, is sa bot skansearre dat der goed 50.000 euro nedich om it wer op te knappen. It giet om it skilderij Salomons Rechtspraak dat yn in seal flakby it bordes hong.

De planken dêr't it skilderij op skildere is, binne yn de rin fan de iuwen ferbûgd en oantaast troch houtwjirm. De ferve fan in eardere restauraasje is ek ferkleure.

Temperatuer skommele

"It skilderij hong altyd yn in romte flakby de yngong fan it stedhûs", seit foarsitter Cor Greydanus fan de stichting Bolswards Historie. "Dêrtroch skommele de temperatuer wol gauris. Dat hat it skilderij gjin goed dien."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De lêste pear jier is it hurd gien, seit Greydanus: "Doe waard it stedhûs net mear alle dagen brûkt en dêrtroch wiene der ek lange perioades dat de kachel hielendal net oan stie. Focht krige dertroch ek in kâns."

Flaters by restautaaasje

Twa restaurateurs út Makkum hawwe it skilderij ûndersocht. Se kamen ta de konklúzje dat it der tige min oan ta is. In âlde restauraasje hat it earder slimmer as better makke.

Oan de achterkant fan de houten panielen binne stikjes hout fêstmakke om it kromlûken tsjin te gean. Dat hat in averjochts effekt hân. Neffens it rapport fan de restaurateurs is de skea dêrtroch just grutter wurden. Der is ek ferkearde farve brûkt by dy restauraasje.

Njonken it skilderij sels moat de list dy't der omhinne sit, ek opknapt wurde. Dêr is it benammen de houtwjirm dy't foar skea soarge hat. En troch de jierren hinne hat it hout sa bot oan it wurkjen west dat de list te grut wurden is foar it skilderij.

De folsleine kosten fan de restauraasje wurde dêrom rûsd op 50.000 euro.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De restauraasje sil foar in part betelle wurde troch de stichting Bolswards Historie en de gemeente sil nei alle gedachten ek meibetelje. Mar dan bliuwt der noch altyd in gat oer fan sa'n tsientûzen euro.

Ynwenners en bedriuwen

De stichting dy't de ferantwurding foar de restauraasje op him naam hat, hopet dat jild ophelje te kinnen by de ynwenners en bedriuwen fan de stêd. "It is in bekend skilderij foar elkenien. It hong op in prominint plak, dus elk dy't yn it stedhûs west hat, hat it wol sjoen", seit Greydanus.

De stichting sil dêrom it bedriuwslibben oanskriuwe en der komt ek in aksje om de gewoane ynwenners sa fier te krijen dat se meibetelje wolle. Greydanus hat der alle fertrouwen yn dat it wol goed komt mei it jild. It skilderij is alfêst nei Makkum brocht foar de restauraasje.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Hoe lang oft it skilderij krekt yn Makkum bliuwe moat, is net bekend. Doel is om it skilderij werom te hawwen as de ferbouwing fan it stedhûs sels ek klear is. Dat wurdt op dit stuit ferboud ta in nij kultureel sintrum.

It weromhingjen fan it skilderij sil benammen foar de ynwenners in bysûndere symboalyske betsjutting hawwe. Want by de oplevering fan it stedhûs yn 1617 waard krekt dit skilderij skonken troch de ynwenners fan de stêd.

Harkje nei foarsitter Greydanus

It stedhus fan Boalsert wurdt op dit stuit folslein ferboud - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)