Kollum: "De fabel fan objektyf wêze"

"Der wie ris in deputearre... Dat soe de standert iepening fan in mearke wêze kinne, mar dizze kollum is gjin mearke. As it al in mearke wie, soe ik it 'De Duvelske Tsiisstolp' neamd ha.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Ik ha nei oanlieding fan alle polarisaasje fan de ôfrûne wiken wol wer even neitocht oer wat dizze deputearre yn it provinsjehûs tusken de wandkleden fan Claudy Jongstra tsjin my sei. Of eins: wat dizze deputearre oan my útlein hat. As je yn de demokratyske mienskip op in bepaald plak komme dêr't je josels bestjoerder neame meie, fynt der in proses plak. De gefolgen fan dat proses ha je faak net earder yn de gaten as je, al as net twongen, dy posysje wer ynleverje moatte.
Ik neam no dizze eks deputearre as foarbyld. Je ha ferkiezings, jo partij mei nei de formaasje in deputearre leverje. Jo komme yn de beneaming. Dan geane jo midden op in rûne tsiisplanke sitten. Om jo hinne ferskine minsken dy't jo wize ried yn it ear flústerje. Ynearsten ha jo oeral in ear en tiid foar, jo begjinne krekt en wolle jo goed oriïntearje. Geandewei sammelet him in oantal fertrouwelingen dy't jo mear en mear yn in rjochting triuwe. Dat is de koers dy't jo as deputearre farre sille.
Mar der bart noch wat en dat ha jo net yn de gaten.
Stadich sakket in grutte glêzen tsiisstolp oer jo en jo fertrouwelingen hinne. It glês is fan dusdanige kwaliteit dat it hast net stikken te krijen is. Yn de tiid dat de stolp noch net hielendal op de houten tsiisplanke sakke is, hearre je sa no en dan noch wolris wat oare lûden as dy fan jo fertrouwelingen. Mar nei in skoft is de stolp delsakke en stiet er ûnwrikber op de houten planke.
Op dat momint binne jo as deputearre folslein ynstitúsjonalisearre. Jo geane allinnich noch ôf op wat jo fertrouwelingen jo yn it ear flústerje. Miskien binne der bûten de tsiisstolp wol minsken dy't folle bettere arguminten ha, mar dy hearre jo net, jo binne der net ûntfanklik foar omdat alles ôfketst op de glêshurde oerkaping dêr't jo yn bedarre binne. Al binne je mei noch sokke goede yntinsjes dwaande, je reitsje dôf foar arguminten.
Dit proses beheint him net ta deputearren. Alle partijen dy't dizze wiken elkoar foar fan alles útmeitsje sitte ûnder harren eigen tsiisstolp. En se dogge allegearre mei oan it wrâldkampioenskip elkoar de grûn yn skriuwe. Sjoernalisten, telefyzjemakkers, radiomakkers, kollumnisten, wittenskippers, politisy, boeren, klimaatprotesters en de minsken dy't foar as tsjin binne, allegearre sitte se ûnder harren eigen ûnferwoestbere feilige tsiisstolp. Se harkje net, omdat se elkoar net hearre kinne of wolle.
Dit ferhaal oer de tsiisstolpbubbel fertelde in deputearre oan my. Wa't it wie makket net safolle út. Neffens my meie jo it in lyts wûnder neame as der immen de moed hat om, al is it mar foar even, dy tsiisstolp op te tillen en te harkjen nei oare mienings. Dat soe yn dit gefal dizze wike samar ris wer in deputearre wêze kinnen ha. Hulde! Al sille alle oare tsiisstolpen no wol wer trilje fan lilkens omdat it folkje dêrûnder it hurdgrûnich mei my ûniens is.
Slaan dy kloatedingen oan grom en praat mei elkoar.