Kallon oer publykswiksel: "Kippenvel, nog nooit eerder meegemaakt"

18 okt 2019 - 23:17

De grutte man by Sportklup Cambuur wie freed Issa Kallon. De bûtenspiler makke syn earste fjouwer goals fan it seizoen en besoarge Cambuur dêrmei in 5-1 oerwinning op TOP Oss. "Dit heb ik nog nooit eerder gedaan. Heel speciaal, deze avond ga ik nooit vergeten."

In lytse tsien minuten foar tiid krige Kallon in publykswiksel. "Dat heb ik nog nooit meegemaakt. Ik kreeg echt kippenvel. Heel mooi dat de supporters dat deden, dat geeft een lekker gevoel."

Issa Kallon hie yn syn foarige 68 kompetysjewedstriden foar Sportklup Cambuur mar twa kear skoard. Yn ien wedstriid fertrijefâldiget er syn tal goals dus. Kallon wist net mear wannear't syn lêste kompetysjegoal foar Cambuur wie, sei er nei ôfrin. Dat wie op 15 desimber 2017, thús tsjin FC Dordrecht (3-0).

Issa Kallon - Foto: www.orange-pictures.nl

Belangryk wie dat Kallon der altyd yn leaud hat dat dy goals oait komme soene, seit er. "Heel veel mensen hebben dingen geroepen: 'hij kan niet scoren, laag rendement'. Daar hebben ze gelijk in, het rendement moest ook beter. Maar met deze nieuwe trainer heb ik veel vertrouwen gekregen. De doelpunten moesten nog komen, dus blij dat ik er nu vier maak."

Nei de earste goal die Kallon in spesjaal dûnske mei David Sambissa. "Dat hadden we al super lang geleden afgesproken", laket Kallon. "Maar die goal kwam maar nooit. We hadden het dansje al helemaal voorbereid, maar het duurde maar en het duurde maar. Vandaag konden we het eindelijk doen."

De Jong grutsk op Kallon

Trainer Henk de Jong wie tige grutsk op Kallon: "Yn it begjin fan it seizoen skeat er faak njonken de goal, mar Martijn Barto is in soad mei him dwaande op de training." It wurk fan de spitsetrainer hat dus holpen. "Sjochst it ek oankommen dat dy jonge úteinlik ris skoart", seit De Jong. "Dat fernimst ek op de training, fan 'e wike skeat er der al in pear goed yn."

Oer it spul fan de Ljouwerters wie De Jong tefreden, ek omdat TOP Oss sa ferdigenjend spilet. "Se steane gewoan op eigen helte. Dus dan moatst mar fuotbalje mei dyn eigen team. En spilest tsjin in team dêr't elkenien 30 of 35 meter foar de goal stiet. Dan moatst mar ris in goal meitsje. Dat slagget hast gjin ien. Dus de minsken dy't dêr de grutste mûle oer ha, dy moatte it in kear probearje. Dy minsken slagget it ek net. Dus dit is gewoan hiel, hiel dreech en dat ha we hartstikke goed dien."

Sven Nieuwpoort soe net yn de basis begjinne, mar krige tweintich minuten foar tiid te hearren dat er dochs spylje moast. Hy ferfong oanfierder Erik Schouten, dy't yn de warming-up útfoel mei in blessuere oan de knibbel.

(advertinsje)
(advertinsje)