Flyers nei seis bekerwedstriden noch altyd sûnder ferlies

18 okt 2019 - 22:38

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha ek de sechsde wedstriid yn de bekerkompetysje wûn. Thús tsjin Eaters Geleen waard it 5-2.

Flyers bliid nei in treffer fan Marc Nijland - Foto: Martin de Jong Fotografie

It duorre wol in skoftke foardat de skoare iepene waard. Nei de earste perioade stie it noch 0-0. Marc Nijland makke yn de twadde perioade de earste treffer fan de wedstriid.

Twa goals Nijland

Nick Verschuren brocht de besikers wol op likense hichte, mar troch goals fan Ronald Wurm en Marc Nijland giene de Flyers mei in 3-1 foarsprong de lêste perioade yn.

Dêryn fergrutten Trevor Petersen en Pippo Limnell de skoare fierder. Akim Ramoul skoarde noch foar de besikers: 5-2.

Saterdei wer

Troch de oerwinning kinne de Flyers net mear ynhelle wurde troch Geleen yn de stân. De Flyers spylje sneon wer. Dan stiet de útwedstriid tsjin de Zoetermeer Panters op it programma.

(advertinsje)
(advertinsje)