De Noorderkroon nominaasjes binne bekend: twa FryslânDOKs meitsje kâns

Twa dokumintêres fan Omrop Fryslân meitsje kâns op de Noorderkroon. De nominaasjes foar de noardlike awards binne freed bekend makke. De awards foar ferskate films en ûnderwerpen oer en fan makkers út Fryslân, Grinslân en Drinte wurde yn de wike fan it Noordelijk Film Festival (begjin novimber) bekend makke.
© Noordelijk Film Festival
In oantal Fryske nominaasjes op in rige:

Bêste koarte dokumintêre

Yn de kategory Bêste koarte dokumintêre binne twa dokumintêres fan it programma FryslânDOK fan Omrop Fryslân nominearre. De earste is 'In ûnwennich jier' fan dokumintêremakker Albert Jensma oer ferneamd keunstner Ids Willemsma en syn eigenwize wurk.
Ek 'Moard en lulkoek yn 'e Wâlden' fan dokumentêremakker Annet Huisman is nominearre. Dêryn wurdt tweintich jier nei de moard op Marianne Vaatstra weromsjoen oan de hân fan it argyf en in lochboek fan de ferstoarne âld-direkteur Nettie Groeneveld fan it AZC fan Kollum.
Annet Huisman wûn ôfrûne jier de award foar Bêste dokumintêre foar De Joadske Brulloft; in fjouwerdielige dokumintêre oer de flecht fan it Ljouwerter echtpear Mimi Dwinger en Barend Boers foar de Dútske ferfolging yn de Twadde Wrâldoarloch.

Bêste spylfilm

Regisseur Mirjam de With fan De Jouwer is nominearre mei har film Taiki. Sy makket kâns op de priis foar Bêste spylfilm. Mei Taiki hat De With earder in priis wûn foar bêste rezjy op it Russyske filmfestival The Family Circle. Ek krige de film de publykspriis.
Taiki giet oer de 9-jierrige Bruno, dy't yn in bosk yn Sweden ferdwynt as syn âlden him nei in rûzje út de auto sette. De With is ek bekend as regisseur fan de Omrop Fryslân-searje De Keet.

Bêste dokumintêre

De film 'Mevrouw Faber' fan regisseurs Job Tichelman fan Kûbaard en Hjalmar Tim Ilmer is nominearre foar Bêste dokumintêre. It giet oer frachtweinsjauffeur Harm út Wommels dy't in transysje fan man nei frou trochmakket.
Ek Kees Vlaanderen is yn dizze kategory nominearre foar syn dokumintêre Holwerd aan Zee. Dêryn lit er sjen hoe't de fjouwer 'mannen fan Holwert' harren frije tiid besteegje oan it plan om it doarp wer te ferbinen mei de Waadsee.

Bêste koarte film

Regisseur Jörgen Scholtens makket mei de film Koekoek kâns op de award foar bêste koarte film. Koekoek giet oer in koekoeksklok yn de keamer fan in âlde frou. Yn de klok wennet in iensume man, spile troch akteur Frank Lammers, dy't elts oere út syn hûs lansearre wurdt om op tiid te koekoekjen.
Scholtens makke earder de film Masterclass by it 48hour-filmprojekt Ljouwert en wûn dêrmei ûnder oare de priis foar Bêste film. Masterclass hat ek op it Cannes filmfestival te sjen west. Jörgen is sûnt 2011 aktyf foar Omrop Fryslân, dêr't er wurke oan searjes as De Utflecht en De Koers.
In oare nominearre is Rutger Veenstra mei syn film Nei de dûns. Earder al hie hy mei syn idee foar dizze film de wedstriid De Filmkick fan it Noordelijk Film Festival wûn. Hy krige 10.000 euro foar it meitsjen fan de koarte Frysktalige film. Rutger Veenstra makke earder de film De Leerling, mei aktrise Halina Reijn.
Filmmakker Bart Dokter makket ek kâns op de priis mei syn film Aurora. Mei help fan crowdfunding is dizze film ta stân kaam. Aurora giet oer in heit en dochter dy't foar de lêste kear nei Yslân reizgje om it noarderljocht te sjen dat in spesjale betsjutting foar harren beide hat.

Noorderkroon

Noorderkroon is it poadium foar profesjonele, studinte- en amateurfilms fan Fryske, Grinslanner en Drintske makkers of films út dizze regio. De winners wurde keazen troch in profesjonele sjuery. Sawol lange as koarte fiksje en dokumintêre films fan profesjonele filmmakkers, studinten en amateurfilmmakkers dy't in dúdlike konneksje ha mei ien fan de noardlike provinsjes komme yn oanmerking foar in seleksje.
De wurde sân Noorderkroon-awards útrikt. Dy binne foar bêste spylfilm, bêste dokumintêre, bêste koarte film (fiksje), bêste koarte dokumintêre, bêste studintefilm, bêste amateurfilm en grutste jonge talint. Yn eltse kategory binne trije films nominearre, útsein yn de koarte fiksje. Troch in grut oantal ynstjoerings binne der yn dizze kategory fiif films nominearre.

Utrikking

Wa't nei hûs giet mei in Noorderkroon-award wurdt op sneon 9 novimber bekend makke op it Aldehoustertsjerkhôf. Neist de bekendmakking fan de prizen wurdt der ek stilstien by it filmoanbod út de regio dat elk jier op it Noordelijk Film Festival te sjen is.