SC Cambuur nije koprinner earste difyzje nei kwartet Kallon

18 okt 2019 - 21:50

Sportklup Cambuur is de nije koprinner fan de earste difyzje. De Ljouwerters wûnen freed thús mei 5-1 fan TOP Oss, mei troch fjouwer goals fan Issa Kallon. Cambuur nimt de kopposysje oer fan NAC, dat lykspile tsjin FC Eindhoven. "Ik ben heel blij, dit is heel speciaal", sei Kallon nei ôfrin.

Cambuur fiert de 1-0 fan Issa Kallon - Foto: www.orange-pictures.nl

Man fan de wedstriid Issa Kallon iepene de skoare al yn de tsiende minút. Kallon is de man yn foarm by Cambuur, mar hie sels noch net skoard. Mei in skot yn de koarte hoeke brocht er dêr feroaring yn.

Al gau dêrnei hie Robin Maulun de foarsprong fergrutsje moatten, mar fan tichtby skeat er op keeper Perquis. Cambuur wie better de earste helte, mar helle net itselde hege nivo as yn guon foarige thúswedstriden.

Dochs giene de Ljouwerters wol mei in foarsprong fan 2-0 it skoft yn. Nei in grutte flater fan Oss-ferdigener Lorenzo Piqué gie Robert Mühren yn syn ientsje op it doel ôf en hy makke syn njoggende fan it seizoen.

Issa, Issa, Issa

Nei it skoft wie it de grutte Issa Kallon-show. Al binnen in pear minuten skeat er de 3-0 binnen, op oanjaan fan Ragnar Oratmangoen.

Dêrmei wie Kallon noch mar op de helte fan syn úteinlike produksje. In goed kertier foar tiid profitearre de bûtenspiler fan in fout fan Perquis: 3-0. En noch in pear minuten letter skeat er wer raak, diskear op oanjaan fan ynfaller Jairchinio Antonia. Yn de 83e minút krige Kallon in publykswissel.

5-0 wie net de einstân, want yn blessueretiid makke Lars Hutten noch in goal foar Oss.

Issa Kallon hie yn syn foarige 68 kompetysjewedstriden foar Sportklup Cambuur mar twa kear skoard. Yn ien wedstriid fertrijefâldiget er syn tal goals dus. Kallon wist net mear wannear't syn lêste kompetysjegoal foar Cambuur wie, sei er nei ôfrin. Dat wie op 15 decimber 2017, thús tsjin FC Dordrecht (3-0).

Cambuur stiet no boppe-oan yn de earste difyzje. De ploech fan Henk de Jong hat no 25 punten út alve wedstriden, twa mear as NAC. De ploech út Breda hat ien wedstriid minder spile.

Stân boppe-oan Earste difyzje

Wedstriden Punten Doelsaldo
1. Cambuur 11 25 29 - 7
2. NAC Breda 10 23 17 - 7
3. De Graafschap 10 20 19 - 6
4. Excelsior 11 20 22 - 19
5. Jong Utrecht 10 18 21 - 14

Schouten blessearre

By de Ljouwerters foel oanfierder Erik Schouten út yn de warming-up, omdat er lêst hie fan de knibbel. Hy waard ferfong troch Sven Nieuwpoort. Ek Robin Maulun stie wer yn de basis. Nei in skorsing wie er syn basisplak kwytrekke, mar troch in blessuere fan Jamie Jacobs stie de Frânske middenfjilder wer by de earste alve.

Erik Schouten oer syn blessuere

SC Cambuur - TOP Oss 5-1 (2-0) 10. Issa Kallon 1-0, 45+1. Robert Mühren 2-0, 53. Issa Kallon 3-0, 73. Issa Kallon 4-0, 79. Issa Kallon 5-0, 90+2. Lars Hutten 5-1

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Van Deelen, Mac-Intosch, Nieuwpoort, Sambissa; Maulun, Hoedemakers, Akoy (76/Paulissen); Oratmangoen (67/Antonia), Mühren, Kallon (83/Ladan)

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal TOP Oss
(Advertinsje)
(Advertinsje)